Om it hus

Utféart

troch Posted on 2 Comments 1 min read 312 views

Foar de doar stean in man en in frou kreas yn it pak. Op myn fraach wert ik mei helpe kin seit de man; “Denkt U wel eens aan uw uitvaart?” 

No nè“, siz ik; “en nò al hielendal net, ik bin oan it itensiden.

Bent u  wel verzekerd in geval dat?”

Wat bedoele jo einliks?”, sis ik.

Weet U er kan U zomaar iets overkomen en wat moet er dan gebeuren?“, giet er fjierder.

Ik rûk dat er wat oanbrând; it sille de jirpels wol wèze tink ik. Ik rop nei myn man: “Dochst it gas wat leger want ik bin mei myn kremaasje dwaande…

De frou komt tusken beide en freget as hja der efkes yn komme meie. Dat praat wat nofliker fynt se. Op it lest sis ik; “Sit mar net oer my yn. As it sa fier is hearre jimme it wol.

Teleurstelle rinne sy nei de buorren. ‘Wat in baan‘, tink ik noch; alle dagen mei de dea by de doarren lâns. Dû ik in bern wie kamen der faaks negoasjerinners by de doar mei knopen, elestyk, fiterbân ,lùzekammen, hierboarstels en sawat hinne. Mar sutelje mei de dea dat wie der noch net by… –tiden hawwe tiden- 

Ûnder it iten sis ik; “Moatte wy it ek es hawwe oer wichtige saken?”  

As it mar net oer ùtfeart giet“, seit er; “… oanbrânde jirpels ha ik genoch oan…

Gehoarapparaat

troch Posted on 0 Comments 2 min read 237 views

Wist sto ek wer `t myn gehoarapparaat is?“, freget myn man. “Nè”, sis ik: “ik ha him er nèt yn.” Hy begrypt myn humor net en giet fjirder mei sykjen. Hy hat ûnder de dûs west en dan leit hy dat ding oeral del. Ik sit efter de kompjûter en hear mar heal wat hy allegearre grommelt.

Ùs Jelle, in Welsh Springer, rint hin en wer en begrypt neat fan syn minsken. “Wat meitsje se hun wer drok..” sjoche jo him suver tinken. Dochs fynt hy it spannend wurden, de earen gean om heech en de stut swypket hin en wer. Ik kin myn kop er net mear by hâlde. Wat hat dy man dochs in drokte? Ik begjin my op te winen. En sis; “Pas dan ek better op dyn rommel!

Om fan it geseur ôf te wèzen begjin ik mei te sykjen. It hiele hûs sette wy op ‘e kop. Op de unmooglikste plakken sa as de kuolkast en de djipfries neat slaan wy oer. Al fûterjend krûp ik oer de flier en fyn ûnder it buro in batterij. Yn ienen giet my in ljocht op: ik ha sa krekt dû ik oan it wurk wie wat kniezen heard. Ùs Jelle hat it gehoarapparaat te pakken krige, myn man is yn alle steaten. “Wèrom hâld dy hûn him net by syn eigen fretten??“, raast er. “En wat moat ik nò tsjin de optisien sizze? Ik ken nèt best sizze; ùs hûn hat him opfretten!” “Dò moast it mar witte,” sis ik; “it is dyn probleem.

En Jelle? Hy hat noch noait sa goed hearre kinnen…

Stress

troch Posted on 0 Comments 1 min read 252 views

Der stiet in monteur foar de doar. Ùs televyzje docht it net mear. UPC hat grut underhâld plege yn hiel de omkriten. Gefolch: gjin byld allinne snie.

De man fan it kastje bûten is nearne te finen. Dan mar skilje mar dan begjint de illinde. Hoe lis ik de man oan de telefoan ùt wat der oan de hân is? Ik bin net technysk en myn man sjocht der neat fan. De UPC-man begrypt mar net wat ik bedoel. Op it lest sis ik yn greven; “We redde ùs sels wol.

Sa skilje ik in monteur -dan mar betelje- mar de ûnkosten gean nei de oarsaak. De monteur is in aerdiche jonge man mar hat de holle bryk op de lea. En mei pine ferlutsen gesicht stiet hy my te wurd. Meilydsum freechje ik  hoe as it mei him is. “It komt fan de stress.” andert hy. Op myn fraach as dat fan it wurk komt, seit er: “Myn mem krige juster in hertoanfâl. Sadwaande moast ik dalik nei it sikenhûs. Se is wer thùs , it is allegearre meifallen. Mar nò kin ik myn nekke net bewege , en dat komt fan de stress.” Nei in bakje kofje, in aspiryntsje en in praatsje giet er wer foart. We hawwe wer byld en de jongeman rint wer rjochtop de doar ùt.

Wat kin my de rekken skele: it wie dochs de muoite wurdich net !..

Fûgelkouwe

troch Posted on 0 Comments 1 min read 274 views

Efter hûs yn de tûn ha wy in beamstamme yngroeven. In hiele grauwe stronk fan wol twa meter heech. De soan hie him midden yn de keamer stean foar syn katten. “Dan koenen hja mar om raak klauwe en kliuwe “, sei er; ‘krekt as yn de natûr.‘ Op myn oanmerkings dat dat net koe en nèt stie yn in keamer, sei er; “It is  myn hûs, mem!”  En der hie hy grut gelyk oan fansels.

Mar nò stiet hy dan dochs by ùs yn de tùn. Ien kear yn `t jier hâld ùs tsjerke rommelmerk. Wat mei ik der graach yn om sneupe. Der is gjin neat te keap. Nijsgjirriche en fremde saken fan ûndùdlike komôf steane allegearre troch elkoar hinne. Sa sjoch ik dèr in hiel aparte fûgelkouwe stean. It hat my foart yn ‘e besnijing en lit my net mear los. Nei wat underhânnelings nim ik him mei nei hûs. Ik set him boppe op de beamstronk en wat wonderlik is: it liket wol as hat it nea oars west. Yn de kauwe sitte in pear nepfûgels. En ta myn grutte fernuvering lûke hja oare fûgels oan.

Koalmezen en mosken binne net fan de kouwe te slaan. Wat soe der yn dy kopkes omgean? “Ynstinkt..”, seit myn freondinne. Mar wat witte wy nò ôf  fan it inerlik fan ùs grutte freon, de fûgel? Ik ha it doarke mar iepen set…

De skilder

troch Posted on 0 Comments 2 min read 205 views

Healwei achten stiet er al foar de doar; de skilder. Nei lang hin en wer gepraat sille ùs doarren yn de keamer ferve wurre. It hat my hiel wat koste om it sa fier te kryen. Myn man fûn it net nedich.

“Ien dy hurd rint sjocht er neat fan en as it de minsken net noasket bliuwe se der mar.” seit er. Mar sa wurket it net by my, ik sette troch en dèr wie de skilder. Yn in omsjoch stie de keamer fol mei alles wat san man nedich hat. Myn man flechte nei de souder en ik nei de tùn. Mar der wie ik al gau wer wei want it reinde bolstiennen, derom hiene wy de skilder  fansels bûten koene hja neat. Hy wie in aerdiche jonge man en hie gjin praatsjes. Yn koarte tiid hie hy it saakje yn e grûnferve. Dû it kofjetiid wie kaam er gesellich by my sitten. Hy fertelde al ridlik gau ùt wat foar nest hy  kaam. En om dat minsken my altiid yn ‘e besnijing hâlde wie ik al gau de tiid fergetten. Trije broers en in suster hie der en âlders wer`t er in goeie bân mei hie. En sa gong er fjirder. Hy fertelde fan syn freondinne dat sy foar it earst bijelkoar wennen.

Wy wiene de hele tiid fergetten oan`t syn baas om ‘e hoeke kaam en seach hoe fier hy al foardere wie. Mar it is klear kaam en it sjocht er kreas ùt. Sels myn man fynt it in goeie set fan my…

En de skilder en ik, wy nimme ôfskie as âlde bekinden…


Swier waar

troch Posted on 2 Comments 1 min read 272 views

Midden yn de nacht stiet ùs heit by it bed: “Jimme moatte der ôf komme..“, seit er; “..it wurd swier waar.” Sliep dronken stroffelje wy fan bed heal yn ‘e sûs. We moatte ùs oanklaaie en by de tafel sitten gean. De iene tongerbuie folget op de oare. De bliksem set de keamer yn in  fremd ljocht. “Raar.” tink ik by my sels; “De keamer is moaier dan foarhinne.

Yntiid hat ùs heit it izeren kistke mei weardefolle papieren midden op tafel set. As it ynslacht kin hy dat sa gripe. Yn it kistke sitte de fersekeringpapieren en it trouboekje. Ûnderwylts hat ùs heit it drok, der wurd in grutte doek oer de spegel hong en it koper wurd ta dutsen. Yn spanning wachtsje ik ôf wat der barre sil. Myn broers binne  yn sliep fallen. Ik bin klearwekker en sjoch om my hinne en fiel de spanning fan it momint.

Yntiid hat ùs mem noch wat erfstikken op tafel set, min wit mar noait. Sa sitte wy by elkoar yn spanning wat er barre kin. Nei in skofke kinne wy wer op bed, it swiere waar is foarby. It kiske kin wer yn ‘e kast oant de folgjende tongerbuie.

We hawwe swier waar, it wjerljochtet om raak. “Moat de kompjuter en de tillevyzje ek ùt?” freegje ik myn man. Hy sjocht my nùver oan.

Wat wit hy nò fan it kistke ôf? Wer binne de fersekeringspapieren en it trouboekje? Hawwe dy noch wol?

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien