Lokkich wèze

troch Posted on 2 Comments 1 min read 622 views

Op de doarmoatte leit de post. In folder fan de steatslottery en in tydskrift. Se lizze as bruorren neist elkoar. Fremd genôch gean sy beide oer lok.

De steatslottery beloovje my mei miljoenen folle lok. Het tydskrift hat it oer geastelik wolbefinen ofwol lokkich file. Wat is lokkich wèze? Yn it wurdboek stiet ûnder lok "slagge wèze yn it libben" Lokkich wèze is sûnder fertriet in gefoel fan grutte tefredenheid. 'Lok is finaal folslein' seit it wurdboek enf.

Mar wannear bin jo echt lokkich? Jild makket net echt lokkich mar dochs soe in bytsje mear net... As op syn minst net wat konfortabeler wèze? It slagget de kommersje ùs in skriemend ferlet oan te praten. De reklame spilet der handich op yn om foaral net achter te bliuwen. Spegelt ùs foar dat ùs gefoelens fan ûnbehagen ferdwine as wy earst mar it produkt - X - yn ùs besit hawwe.

Hat lok mei wolfeart, mei wolwèzen, mei gefoel as mei leauwen te meitsjen? Wylts eltsenien alles liket te keapjen is der in krapte ûntstien yn wolbefinen.

Binne wy yn wèzen wol lokkich as wy alles op è rails ha? Ik bin er noch lang net ùt... Jo wol ?

Taksyferfier

troch Posted on 0 Comments 2 min read 518 views

De taksysjauffeur seit tsjin my dat hy noch nei it sikenhûs moat op bisite. Op myn fraach as it  earnstich is skothollet hy. "Myn frou hat M.S. en hat er boarstkanker by krige. Se hat hege koarts in onstekking is er by kaam." Op myn fraach as hy him wat redde kin seit er; "Ik ha noch in dochter thùs mar dy bern ha ek hun eigen libben." Ik ha mei de man te dwaan. Hy liket  my o sa iensum. "Sterkte", siz ik. In ôfsage sizwize, ik wit it, mar wat moat ik oars ?

Wy, myn man en ik, ha taksyferfier. In prachtige ùtfining fan doar tot doar. Ùtfûn troch de gemeente wer`t wy wenje.  Sa litte wy ùs ride troch ferskate sjaufeurs. Sawol froulju as manlju , jong as âld in dieltiidbaan as fèst yn `t tsjinst. En sa ha ik al hiel wat minsken kinnen leard. En omdat it minske my altiid yn de besnying hâld begjin ik by Dokkum om mei in praatsje. En de measten wurdearje dat; dat der ien is dy`t interesse hat foar hun persoanlik dwaan en litten. Sommige froulju fertelle my dat sy dit baantsje er by doche om de bern studearje te litten. As ik  hja letter tref ferteld sy my grutsk dat de soan "cum laude" slagge is. En dan bin ik bliid foar har. Sy hat er hiel wat ritsjes mei de taksy foar oer ha moatten.

Dizze taksy ûndernimmer hat wol oer de hûnderd sjaufeurs. Ik moat noch hiel wat ritsjes meitsje om it minske achter de sjaufeu(r)(se) kinne te learen...

"Wer sille wy moarn hinne?", freegje ik myn man? Hy sjocht my fremd oan; wol se al wer foart!


Klokken

troch Posted on 9 Comments 2 min read 771 views

It hearren en sjen fergiet je as de Pendule slacht. It is krekt as slacht de klok fan 'e toer ùt myn doarp. Myn man kin him der ôfgryslik oan steure. Sit hy nei it nys te sjen en troch al dat leven fan dy klok hat hy hiel wat wrâld ellende mist.

Mar ik ha wat mei dy Pendule. Myn heit en ik ha him yn de oarloch op de fiets ophelle. En betelle mei bûterbonnen. Ik wit it noch as de dei fan juster. De goudsmid en syn frou wiene foar de helt joods. Hja hiene honger en wiene dea benauwd. En as je lyts binne jowt dat grutte argewaasje.

En nò nei sântich jier hat hy noch nea foart west te meitsjen. Dan ha wy yn dy selde keamer noch twa klokken. De iene is in Regulateur en de oare klok is in Zaanske, erft fan in leave muoike. By de Regalateur is ek in ferhaal. Myn muoike ùtfanhûze as lyts famke by femylje. De hiele nacht hearde se klokken slaan. Doe `t sy de oare moans in kopke thè op bed kryge sei se: 'Wat ha jimme in klokken en allegearre ha sy in oare slach en in oar lûd.' 'Welke wost ha?', waart har frege, 'do moast him sûnder te sjen op it lûd ùtsykje.' En dat waar de Regelateur, se hat him jirren letter oan my neilitten. In neitins oan in dierber minske.

De Zaanske klok ha wy ek erft mar dat seit ùs net safolle. Wy binne mear fan de Fryske klokken. Klokken kinne jo net sa mar keapje; jo moatte der in bân mei krye. In klok moat in hert en skiednis ha...

Myn man moat mar in eartelefoan oanskaffe.

De klokken sille fan hun hearre litte fan slachte oant geslacht.

De Lege Knip

troch Posted on 2 Comments 2 min read 680 views

'Ha jo ek kralen?' freget in man oan it frommiske achter de kassa. 'Nè' , seit se, 'Jo moatte sels mar sneupe.' Efkes letter stiet er in mem mei in soan foar de toanbank. De jonge wol perfoarst alles wat glès is opkeapje. De mem is er eagenskynlik wat mei oan mar wol gjin heisa en glimket wat. De jonge hâld fol en lit him net omprate. In frommiske ùt in oar lân is dan oan bar, hja hat in pear kopkes en pantsjes yn e hân. Hja wol perfoarst de selde mar dan tolve. Ik stean yn 'e rigele foar de kassa. Suffert... ik lit de iene nei de oare foar gean.

Ik ha thùs yn de wenkeamer in hoekje foar my sels kreèarre. Siz no earlik: wat is dat nò moai in plakje foar jo sels?

De kompjûter en de printer moast fan boppen nei ûnderen ferhûzje. Myn man skodde al mei de holle; wat fynt se nò wer ùt. Nei in protte gedoch stiet alles sa ik it hawwe wol. Mar yn it hoekje kin noch wol in plat smel kastje stean, dan kin der de printer op. Sa belânne ik yn De Lege Knip.  Myn soan woe wol ride ûnder ien betinkst: hy woe net de auto fol mei rimram en tuchguod. Ik tocht, dat falt wol mei as ik him mar ien kear mei ha (ek om de auto fansels)

Mar dan komt de problematyk; ik hâld fan minsken. As ik sa tusken de minsken stean ferjit ik wer ik foar kaam bin en lit de iene nei de oare foar gean. Siz nò sels wat is er nò boeiender dan minsken? Net ien is it selde. Wy hawwe it kastje fûn en it past krekt yn syn auto mar ek yn myn hoekje. Allinne de kompjûter ferekt it mei de printer gear te wurkjen.

Foar dat wy de doar achter ùs ticht lûke sjoch ik noch krekt hoe de man fan de kralen en de man fan de glèzen tegearre stean te praten. Soene hja it oer it glès ha as oer de kralen as oer glèzen kralen?


Fyftsjin minùten

troch Posted on 2 Comments 2 min read 779 views

'Jo hawwe fyftsjin minùten foar in kontrôlebeurt mefrou en dan ek noch oer twa moanne...' ; seit de toskedoktersassistinte. Ik sei noch; 'Mei ik him dan wol moarn sizze en efkes nei syn sûnens freegje?' It kommentaar wie; 'As it mar by dy fyftsjen minùten bliuwd.'

By de hùsdokter is it noch slimmer, der krye jo tsien minùten. En as min mei in probleemke sit oer je sûnens en sa, dan wit de assistinte der wol rie mei. Dy froulju binne heale dokters wurren, wat soe hun studzje wèze? In hûsdokter komt net mear oan hûs, as der moat immen stoarn wèze om fèst te stellen dat de persoan echt dea is. Wol min graach in dûmny ha dan komt der in pastorale wurker (neat mis mei). It stikt tsjintwurrich fan de help ferliners mar wer binne de professjenels dy der safolle jirren foar studearje hawwe? Wer is it idealisme fan san berop as ambt bleun?

Ik wol net sinysk wèze, dat leit my net. En boppe dat ik ha in hiel aerdich hûsdokter en dûmny. Ik wol perfoarst begrip ha foar dit soart minsken. Miskien woene hja sels ek wol oars. Mar ik tink dat in dokter de measte fan syn pasjinten net iens kin as ea sjoen hat. 'Goed teken' sille jimme sizze en dat is ek sa want dan binne  jo goed sûn. Mar dochs wol ik witte wat foar man by myn bed stiet want as ik dea bin ha ik der gjin weet mear fan.

Mar it moat wol  binnen de tsjien minùten bliuwe fansels. En de toskedokter hat er wer fyftsjin minùten by kryge. Wer fan akte...