Minsken

Maarten

trochPosted on 0 Comments1min read1087 views
Foto: Omrop Fryslân
Kloften folk steane op brêgen en bermen en hingje yn lantearnepeallen.

En dat allegearre om mar in glimp op te fangen fan de swimmer dy iensum troch it wetter ploetert.

En dat docht er allegearre foar minsken dy de freselike sykte kanker hawwe as oan stoan binne.

Yn tinzen swim ik mei him mei troch de neare nacht oant de sinne wer opkomt.

Wat soe der yn al dy iensume oeren troch syn holle gean, freegje ik my ôf. Soe er oan syn frou tinke as oan syn beide famkes, as hoefolle stempels noch?

Ik wit net werom mar it makket my emosjoniel, it byld fan de swimmende man.

Se sille my net op 'e wal stean sjen as op in brêge te jûchheie. Ik sil oan him tinke en hoopje dat hy mei sukses syn doel berikke mei wat hy foar eagen hat.

Dy Maarten...

In hiel grut applaus is hjir wol op syn plak.

Mobiele Mondzorg

trochPosted on 1 Comment1min read1138 views

Prachtich net?" sis ik tsjin myn man; "No hoech ik net mear nei myn eigen toskedokter, in doarp fierderop."

Omdat ik juster de ferlieding net werstean koe om nùtsjes te iten, bruts er in kies ôf.

En do seach ik dy auto stean, mei grutte letters stie er op:

'Gespecialiseerd in mondzorg voor ouderen.
Wij komen bij u thuis.'

"No," sis ik; "we hawwe de kapper, de pedikuere en no de toskedokter oan hûs. Wat wol min noch meer?"

Ik begjin de keamer rom te meitsjen want dat minske moat earmslach ha en romte foar har apparatuer, betink ik my.

En sa sitte wy dagen yn in keale keamer te wachtsjen op de ridende toskedokter.

Mar nei in protte skiljen en mailen fan myn kant noch hieltyd gjin Mobiele Mondzorg. Al trije wike rin ik no mei in stikkene kies en doar myn mûle net iepen te dwaan as te laitsjen.

Nei it safolste besykjen skilje ik myn eigen toskedokter en doch skrutend myn ferhaal. "Kom maar meteen." seit er.

En sa bin ik wer by myn eigen betroude toskedokter telâne kaam dy elke kies as tosk fan my wol dreame kin.

Gjin pine mûle mear en it ynterieur stiet er wer kreas by.

Mobiele Mondzorg. Ja, ja.

Ferkearing

trochPosted on 2 Comments1min read1026 views
Fotograaf unbekend | photographer unknown
Ik ha ferkearing!" ropt se, har eagen begjinne te glânzjen.

"Né, dochs." sis ik, en fuortendaliks ha ik der spiit fan.

Op it selde stuit tink ik oan har leeftiid, in dikke njoggentich jier en al in pear jier widdo. Har freon is fjouweren njoggentich en ek allinnich. Beide binne se noch aardich by de tiid.

"Hoe ha jim elkoar moete?" freegje ik want no wol ik ek alles witte fansels.

"Yn it fytsehok." seit se; "Us fytsen stiene tsjinelkoar oan en dy foelen om. En sa binne wy yn de kunde kaam. En no geane wy alle dagen te fytsen, sitte op terraskes en prate oer it ferline."

"We kamen der efter dat wy ùt it selde doarp komme." giet se fjirder. "Mar wy smite de lapen noch net gear, hear." seit se; "Earst mar wat fytse en elkoar kennen leare."

"Do hast gelyk," sis ik; "mar net te lang mei wachtsje. Jo binne âld foar dat jo it witte ..."

It fytsehok dy my tinken oan eartiids; hoe spannend koe dàt wêze? 😉

Ferkearing...

Fergetten

trochPosted on 0 Comments1min read965 views
Foto troch frommeske Andreea Popa fan Unsplash
Net ien neamt my mear by myn foarnamme." seit se tryst.

Ik ha mei har te dwaan. "Fest wol." sis ik.

"Jo binne samar fergetten." giet se fierder; "As jo net wat spektakulêrs dien hawwe sa as in minske ùt in brânend hûs as ien ùt in wek helle ha, dan binne jo foar de ivichheid fergetten."

Jo hawwe dochs bern? Dy sille jo wol nea ferjitte, soe it net?"

"Dat ist him just; ik sjoch hun noait."

"It is net in klacht fan in âld minske hear." seit se der hastich efteroan. "Mar se binne allegearre skieden en wer trouwd. Ik kin de oanhing net mear."

"En beppesizzers, ha jo dy ek?" freegje ik; "Sjogge jo dy wol es?"

"Hja binne ek fremd foar my. Net ien is nei my ferneamd." Ze laket skamper en lûkt in frjemd gesicht.

"Frou Dykstra!" ropt in suster; "Jo beppesizzer siket om jo!"

"Oant sjen!" rop ik noch mar ik bin alwer fergetten...

"Iet lekker..."

trochPosted on 4 Comments1min read1346 views

Eet lekker!" ropt se en set it ieten op tafel, eltse middei wer.

Hiel freonlik hear, mar werom seit se it altyd yn it Hollânsk freegje ik my ôf. Oant ik it op in kear it net litte kin en freegje werom se dat sa seit.

"Doch ik dat?" seit se en sjocht my net begripend oan.

"Jo binne dochs in Friezinne." sis ik.

"Ik bin trouwd mei in Hollânner en no praat ik twa talen trochinoar." seit se.

"Goedenmorgen." seit in oaren ien eltse moarn. "Goeiemoarn." sis ik dan werom.

Hoe kin dat no? freegje ik my ôf. It binne hjir hast allegearre Friezen en werom ferbrekke se hun dan? Ha wy somstiden muoite mei ùs taal yn it deistige ferkear yn de deistige omgong meielkoar?

Ek yn de pleatselike supermerk praat it personiel Hollânsk tsjin de klant mar underling Frysk. Soene se eangstich weze on klandyzje te ferlizen?

Ik nim my foar om der op subtile wize sûnder twang as argewaasje wat oan te dwaan. 

"Net oerdriuwe hear." seit de soan; "Dat wurket oarsom as op `t hynder sitte."

"Iet lekker!"

Dag, sis ik.

trochPosted on 1 Comment2min read1161 views

Wolle jo in wurdsje sizze mei de routsjinst fan myn mem?" freget se; "Jo ha har salang kinnen."

Ik skrik erfan, it oerfalt my. Der moat ik oernei tinke.

Efkes letter stjûr ik har in berjochtsje dat ik dat net dwaan kin. Ik bin der te emosjoneel  en te skrutend foar,  soks soart dingen is neat foar my.

De hiele dei tôchje ik der mei om en ha lêst fan mysels.

Ik ha har wol sechstich jier kinnen. We hawwe tegearre in soart meimakke en soe ik dat no net foar har dwaan wolle.

Letter op `e moarn skilje ik har werom; "Rekkenje mar op my." "Ik hie net oars fan jo ferwachte." seit se.

Nò moat er wat op papier. Mar wat? It moat net it selde wurde as wat de famylje seit, betink ik my. 

Ik gean yn tinzen werom nei de earste kear do ik har moete yn de haven fan Langwar. It sloech oan: wy hâlden altyd kontakt, wert wy yn de wrâld ek wienen.

Ik set wat op papier mar ferskuor it hieltyd wer. In kreas stikje mar it rekket myn hert net. De kompjûter makket oerûren en de printer seit: "Doch it sels mar."

Einliks, as de sinne ûnder giet en de skimering ynfalt bin ik tefreden. As ik dan yn de grutte grôtfolle tsjerke stean ferhelje ik mei fêste stim oer ùs freonskip.

Se sjocht my oan en glimket.

"Dag." sis ik, en nim ôfskied.

Foarlêze

trochPosted on 1 Comment1min read988 views
Foto troch Lilly Rum fan Unsplash
Wolle jo ien middei yn de wike foarlêze?" freegje se my.

Ik wol graach wat foar de mienskip dwaan mar ik bin net oerâl like goed yn,

Foarlêze like my dochs wol wat mar dat is makliker sein as dien. De earste kear foel tsjin: foar dat ik goed en wol ùt ein set wie, wie de helt al yn sliep fallen.

Geandewei waard it better. Ik hie troch dat it koarte stikjes wêze moasten. En se moasten fuortendaliks oandacht lûke.

In kollega hie in stikje oer behingjen  makke. Myn buorfrou fan hûnderd fearre oerein. "Dat ha ik faker dien." flùstere se.

Ek it teltsje oer pankoekbakken sloech oan, se begûnen om it hurdst te roppen.

"Nije wike wer hè?" rôp âlde Jilderd en treaun net sêftsinnich de rollater foar him ùt.

"Hoe fûnen jo it, Adema?" frege ik.

"Moai lêzen hear. Ik koe net alles hearre mar dat lei him oan my."

Foarlêze.

Hernia

trochPosted on 1 Comment1min read1137 views
- Fotograaf ûnbekend. -
Ik bin by de pinepoly fan it sikenhûs.

Nei dat ik my oanmeld ha gean ik sitten en ferfeel my mei blêden dy âlder binne dan ik sels.

Nei in skofke komt er in jonge frou  yn de wachtkeamer. Se sit yn in weintsje treaun troch in jongeman.

Behelpsum freget er har wert se sitte wol, en as se it wol waarm genoch hat.

Hoeden triuwt er har by de tafel. Ik skat har op noch gjin tritich jier.

Ik begjin in praatsje en al ridlik gau komt se los. Se seit dat se in harsenblieding hân hat.

"It is in ramp foar my," seit se; "ik wie krekt begûn as selfsstannige undernimmer."

Se kin it net droech hâlde en ik krij it ek te krap.

"Mar se krije my der net ûnder." seit se striidber en faget de triennen oan de jas ôf.

Myn namme wurdt roppen.

Wat doch ik hjir eiglik? freegje ik my ôf. Ik wol fuort mar de dokter stiet al yn de doar.

Hernia.

De mem de frou

trochPosted on 0 Comments1min read1321 views

De boekenwike 2019  stie yn it teken fan 'De moeder de vrouw'.

Hiel yntresant en dat brocht my op it idee om es oer ùs mem te skriuwen want dat ha ik yn al myn skriuwsels nea dien.

Mar dat falt net mei want ùs mem hie folle kanten: se hat har nea deljaan kinnen yn it doarp wert se wennen. Dat lei net oan de minsken as oan it doarp mar oan har sels, sy koe gjin oansluting fine by har doarpsgenoaten .

En as jo dat net kinne, dan binne jo bûten sluten.

Mar as it de middei fan it folksdûnsjen wie, dan stie se ier en betiid ferklaaid klear. Dagen moasten wy oanhearre hoe moai as it west hie en dy se de paskes foar dy sy leard hie.

En dan noch it foardragen: dan feroare se, se strielde en wie net de mem dy ik koe.

Net eltsenien koe dy kant fan har wurdearje want yn dy tiid moasten jo gewoan weze sa as oaren wiene.

De mem de frou: net maklik foar dy jinge dy har leaf hiene.

No ik âlder wurden bin, tink ik noch faak oan har. Wat hie se har untwikkelje kinnen mei al har talinten as se yn dizze tiid libbe hie.

De mem de frou.

Mist wurde

trochPosted on 2 Comments1min read1758 views
Foto troch Suzy Hazelwood fia Pexels [klik foar grut]
Pier is juster ferstoarn." seit in bewenner tsjin my. We bliuwe efkes stean en hawwe it oer de ferstoane.

Ik ha Pier wol fjirtich jier kinnen, hy wenne mei syn frou ticht by ùs. We hiene in 'klik' sa `t hja hjoed-de-dei sizze.

Altyd efkes swaaie as in praatsje oer it waar en de bern. Ik sil him misse mei syn gekjeierij.

Yn ùs nije omjouwing gean gauris minsken dea, faaks troch âlderdom.

De iene seit jo mear as de oare mar eltse kear rekket it my hoewol ik somtiden de persoan hielendal net kint ha.

"Wat soe dat foar minske west ha?" freegje ik my dan ôf. "Hat se wat neilitten foar de minsken om har hinne?"

En dan ha ik it net oer it ierdske guod mar oer it wêzen fan dyjinge.

Hat hy as sy waarmte en meiminslikheid utdield, de wrâld in bytsje better makke?

Mist wurde...