D’r is meer…

Yn dy nacht

trochPosted on 0 Comments1min read1096 views

Yn dy nacht fan 25 Juni 2009 stoar hommels de ferneamde popsjonger Michael Jackson. Fans, kranten, televyzjesinders en aktualitytenrubryken alles gong oer dizze geniale sawol aparte sjonger. Neffens myn gefoel naam it ekstreme foarmen oan. De hiele wrald rouwe as wie it neiste famylje. Ûndanks syn ferneamens stoar hy yn iensumheid.

Yn dy selde nacht om de selde tiid stoar ek hommels ùs soan oan in hertstilstân. Yn stilte hawwe him te hof brocht. Wat in wrâld fan ferskil tusken dizze twa minsken, de iene mei in soart bombaarje en de oare yn stilte.

Nei ùs sille noch hiel wat generaasjes komme en it hawwe oer dizze  ferneamde sjonger.

Mar yn ùs hert sil altiid ùs soan wèze, leafde is unbrekber.


Hagepreek

trochPosted on 1 Comment2min read2489 views

Mei in grutte ploech minsken sitte wy yn de boskjes fan Yntema te Nijskoat. It is Pinkster en by ùtstek geskikt waar foar dizze gearkomst. Troch de ieuwen hinne binne de menisten tamtearre en ferfolge om hja leauwen en sa ûntstienen de skûltsjerken en de hagepreken earne yn it fjild. En elts jier wer hâlde wy dy tradysje yn eare. It is in bysûnder plak, it stik lân grinzet oan de Tsjonger. En fan dèr ùt giet it tsjerkepaed nei de Kapel fan Haskediken. Wat ha wy dochs as Friezen in rike skiednis.

En yn dat listwurk fan fûgels, wyn en stilte sjonge wy oan`t ein it favoryte nûmer fan de Menisten:

Ik fiel Jo wyn hjoed waaien, God.
En heech set ik it seil.
Tehaavene is`t, mei skom bespat,
Mar`k hoopje op Jo heil.
Te roere stiet Jo eigen Soan,
Hy stjoert nei feilge ree.
Ik doar mei Him de reis wol oan
Oer wylde hege see.
—————————————-
De trienen dy `t ik skrieme moast,
Binn`droege fan Gods wyn.
Ik wit net mear, hoe`k stûmje doarst
Oer muoiten, lang ferlyn.
Hjoed haw ik nye libbensmoed
En fèst is myn beslùt”
Ik fiel Gods winen waaien hjoed
En syl de haven ùt.
———————————————
O, lit my nea ferjitte, Hear,
Hoe`t my Jo leafde laat.
Lit foar my stean, hoe dearlik sear
Jo holle kroane waard.
Oan Jo betrou ik my alhiel
By`t oangean fan è reis,
No`t ik Gods winen waaien fiel,
Lied Jo my ûnderweis.

Bouwe op in dream

trochPosted on 0 Comments1min read1093 views

Der sitte wy dan op sneintemoarn mei san tachtich man yn it Meniste skûltsjerkje fan Tsjalberd. Yn it ramt fan de festiviteiten rûn it jubileumjier fan de Menisten is der in tsjinst mei grut koar ùt Zwolle. It thema fan de tsjinst is “Bouwe op in dream.”

Foargonger Henk Klein Nagelvoort leit ùs ùt dat it net by in dream bluiwe moat, mar dat it leauwen wèze moat yn de takomst.  En net fan moandeitemoarn oan`t sneintejûn mar dat wy ljochtdragers en smaakmakkers wèze moatte. It binne wurden dy`t jo oan trùnje om te libjen sa as it fan ùs frege wurd.

Moaie wurden en ik bin beslist fan plan om se yn dieden om te setten. Mar ik bin mar in minske. Ik kin myn “lek en brek” mar al te goed…

Kanker

trochPosted on 1 Comment1min read1230 views

Mei in pûde sinappels ûnder de earm bin ik ûnderweis nei in freon. In dierbre freon dy ik al hiel lang kin. In skoft allyn krige hy te hearren dat hy prostaatkanker hie. It slûch by ùs yn as in tongerslag.

De earste reaksje wie dat kin net hy sjocht der sa goed ùt!  Mar dochs wie it sa, hy hie al in tiid klachten mar ja – ik wurd âlder sei hy, dan dat heard er by- . Nei ferskate gemyske terapyen en medisinen is hy wer thùs. En sa gean ik op besite mei lead yn ‘e skuon. Wat moat ik tsjin him sizze? Moat ik him opfleurje en bemoedigje? Mar it pakte hiel oars ùt. Hy stiet my al op te wachtsjen, fleurich sa as altiid. Wat ha ik in moaie middei hân. En wat ha wy in goed petear hân.

‘Kanker..’ seit er; ‘in oar kryt it ek. Werom ik net? Jimme binne noch lang net fan my ôf…’

Ik gean nei hûs mei in bliid gefoel, ynpleats fan ik him hat hy my opfleure. Fyn om san posityf minske as freon te hawwen.

 

Peaske

trochPosted on 0 Comments1min read1566 views

Earne op strjitte yn in grutte stèd waarden jonge minsken interviewt. Der waard frege wat Peaske  foar hja betsjutte. Fiifensantich prosint fan de jongerein tusken tolve en achtentweintich jier wist it net. In part sei;  “Peaske is foar de meubelboulevards en de tùnsintra.” In jong stel sei; “Wy komme ùt België en wy ha der noch nea fan heard.

Dochs hat Peaske in djippere betsjutting. As leauwich minske sjoch ik Peaske as in feest fan hoop. Wy fiere mei Peaske de ferrizenis  fan Kristus wat betsjut: in nij begjin. Ek al stiest der soms hardstikke beroerd foar en sjochst it net mear sitten, der is altiid in nij begjin. Sjoch mar om dy hinne, nei de fûgels en it grienguod. De natoer makket him klear foar it feest fan de maitiid.

Peaske, is de tiid fan hoop en ferwachting dat it mei ùs wrâld ea better wurre sil.

Ik winskje jimme moaie Peaskedagen ta.

Diskriminaasje

trochPosted on 1 Comment2min read1104 views

Dat wurd letter neat mei dy…“, seit de man foar my.

Ik sit tsjin oer in strange, hurde man. Hy is de haadmaster fan de kristelike skoalle ùt myn doarp. Mei grutte  ferwitende eagen sjocht er my oan. It giet oer it lèste rapport; ik moat nei in ferfolch oplieding. Ik sjoch him tinken mei in djippe rimpel yn syn holle (“Wer moat ik mei dit bern hinne?“)

Ik moat ta jaan: ik wie net in learder. Ierdrykskunde en rekkenjen koe fan my stellen wurre. Mar  grammatika en taal koene se my wol wekker foar  meitsje. En as ik op  moandeitemoarn in psalmferske foar de klasse opsizze moast dan wie ik yngelokkich.

Yn myn jonge jierren wiene der noch al wat rangen en stânden. Mar ek ferskaat yn leauwen sa as tusken de herfoarmden en grifformearden. De herformden hiene de oerhân en siten yn hast alle bestjoeren, sawol yn it skoallebestjûr as yn it ferienigingslibben. { lokkich binne hja letter  ien wurren  de  P.K.N. } Boppedat wiene wy arbeidersbern en ek noch grifformeard dus kânsen wiene der net foar ùs. It ienichste  foar de famkes wie de hùshâldskoalle en foar de jonges de ambachtskoalle.  Sa wie dat dû, wy wiene net de ienichsten. We wisten net better. Diskriminaasje is fan alle ieuwen en alle tiden. It hat nea oars west. Lokkich binne hjoed oan ‘e dei mooglikheden genoch om jin te ûntwikkeljen en te ûntjaan.

En mei it famke is it goed kaam, moast it haad fan de skoalle es witte…

Mar hielendal is it slagge as har bern nei  har dea sizze: “It wie in minske om fan te hâlden.

Prelude

trochPosted on 0 Comments1min read1250 views

It is wer sneintemoarn. De muzyk fan radio Fryslân galmet troch de keamer. Fan acht oan`t njoggen oere is er eltse sneintemoarn ‘Prelude’ -in yntertsjerkelik geastelik musyk programma- ûnder lieding fan Rein Tolsma.

It is in fersyk programma wer`t minsken oeral wei hun sibben en freonen lokwinskje kinne. Sa wol mei in lied as in musyknûmmer in hert ûnder de riem stekke kinne. Dan is er  in koarte oertinking troch in libbenskôglike gast.

Ek dizze skriuwster mocht in pear kear de koarte oertinking fersoargje. It is noch knap dreech om yn koarte tiid te sizzen wat jo leauwen ynhâld en wer`t de harkers ek noch wat oan hawwe.

Prelude is in nyskjirriche ùtsending wer`t in protte nei harke wurd yn Fryslân en der bûten. Dat it noch lang yn de loft bliuwe mei, is de winsk fan in soart harkers.

Jubileumjier 2011

trochPosted on 4 Comments1min read1420 views
Menno Simons
Menno Simons

2011 is it jubileumjier fan de Menisten -doopsgezinden- En it is net ien jubileum mar wol fjouwer tagelyk. It is fjouwerhûndertfyftich jier allyn dat in priester ùt Wytmarsem, Menno Simons (wer`t wy Mennonieten nei ferneamt binne), ferstoarn  is.

Dan is it twahûnderdfyfsântich jier allyn dat it Doopsgezind Seminarie, de oplieding foar Dûmny`s oprjuchte is. Dû is ek de Algemene Doopsgezinde Societeit twahûnderd jier alyn ûntstien.

Anne Mankes-Zernike
Anne Mankes-Zernike

En hûnderdjier allyn dat de earste froulike Dûmny fan hiel Nederlân, Anna Zernike, yn de Knipe  beneamd waar. It sil dan ek wiidweidich fiert wurre mei tentoonstellingen, congressen en musikels.  Jimme sille der wol mear fan hearre fia de media.

De skriuwster fan dit stikje wie eartyds grifformeard mar troch de leafde waart sy Menist. Noch altyd is sy bliid dat sy eartyds “foar dy tyd” de grutte stap dien hat.

By de Menisten kin jo je sels  wèze. Hoe je as minske ek yn elkoar sitte,  elts kin syn leauwen belide sa as hy of sy it wol

Links:
mennosimons.net
mennonites op wikicommons
doopsgezind.nl 

Kofjeshop as tsjerke

trochPosted on 1 Comment1min read1128 views

Nei de tsjerketsjinst stean ik bûten in sigaretsje te smoken. In minne gewoante, jimme hawwe grut gelyk. Mar dochs hat it dizze sneintemoarn sa wèze moatten, tink ik.

Lyk tsjin oer de tsjerke is in kofjeshop. Wyls ik der stean te smoken sjoch ik hoe in jongkeardel oan de doar ratteld.  Hy hat pech: op sneintemoarn is de shop ticht. Op syn fraach hoenear dy wer iepen giet wiis ik him op de tsjerkedoarren dy ùtnoegjend iepen steane. “Do kryst der ek noch kofje”, siz ik. Efkes letter sjoch ik him tusken de tsjerkegongers sitten drok yn petear -Ingelsk- mei kofje en koeke.

Soe dit net de bedoeling wèze fan iepen tsjerkedoarren ?

[in soan]

Lokkich wèze

trochPosted on 2 Comments1min read1176 views

Op de doarmoatte leit de post. In folder fan de steatslottery en in tydskrift. Se lizze as bruorren neist elkoar. Fremd genôch gean sy beide oer lok.

De steatslottery beloovje my mei miljoenen folle lok. Het tydskrift hat it oer geastelik wolbefinen ofwol lokkich file. Wat is lokkich wèze? Yn it wurdboek stiet ûnder lok “slagge wèze yn it libben” Lokkich wèze is sûnder fertriet in gefoel fan grutte tefredenheid. ‘Lok is finaal folslein’ seit it wurdboek enf.

Mar wannear bin jo echt lokkich? Jild makket net echt lokkich mar dochs soe in bytsje mear net… As op syn minst net wat konfortabeler wèze? It slagget de kommersje ùs in skriemend ferlet oan te praten. De reklame spilet der handich op yn om foaral net achter te bliuwen. Spegelt ùs foar dat ùs gefoelens fan ûnbehagen ferdwine as wy earst mar it produkt – X – yn ùs besit hawwe.

Hat lok mei wolfeart, mei wolwèzen, mei gefoel as mei leauwen te meitsjen? Wylts eltsenien alles liket te keapjen is der in krapte ûntstien yn wolbefinen.

Binne wy yn wèzen wol lokkich as wy alles op è rails ha? Ik bin er noch lang net ùt… Jo wol ?