All Posts By Wokke

Leafde

trochPosted on 7 Comments2min read1829 views

Wat is Leafde?

It falt my op dat yn dizze dagen de media it in protte oer de leafde hat. Doe tocht ik wat is nò eigelik de definysje fan dat wurd. Dit wurdsje wurd ontyglik faak brûkt, te pas en te onpas.

Mar wat betsjut it yn wèzen? Je kinne it net fest pakke en lis it mar ùt oan ien en jo komme er net ùt. Der binne ferskate foarmen fan leafde. Leafde foar minske en bist, leafde foar taal mar ek foar jo hobbys en neam mar op. Mar de leafde  tusken minsken giet soms hiel fier.

Doe ik myn man foar it earst moete sloech de leafde unferbidlik ta. Nachten ha ik wekker lein, ik koe net meer iete noch sliepe. As jo jong binne dan komt dat wol faker foar fansels. Mar dizze foarm fan leafde hie ik noch noait belibbe. Leafde  kin prachtich weze mar ek deadlik en faaks blyn. Ik ha es heard fan in mem dy in soan hie wat in moardner wie. Mar se leauwde it net want se hâld fan him.

Ek binne er gefallen fan ûnbeandwurde leafde der`t in minske tige ungelokkich fan wurde kin. Mar ien ding is wis: leafde sil er altiid bliuwe dy sil net ùt te roeien wèze. Wat er ek barre mei: de leafde  is fan hegerhân yn in minske  festlein.

Want de leafde is sterk as de dea,
de hertstocht is hurd as it deadenryk;

de gloede dèrfan is in fjoergloed
it binne flammen fan de Hear

Wetterstreamen kinne de leafde net dwèste
rivieren kinne har net foartspiele.
Al joech immen syn fermogen foar de leafde,
se soenen him der om ferachtsje.

Witte jimme it nò? Ikke net…

Miljonèrsfair as Itensbank

trochPosted on 0 Comments1min read923 views

Wat sil it dizze dagen foar jimme wèze: de Miljononèrsfair as de Itensbank?

As je it nijs wat folgje is der in protte ferskaat yn de maatskippij. Ha jimme ek it MiljonèrsFair op de televyzje sjûn ? Wer de diamanten fan sa folle tûzenden euro`s oer de bar fleagen? En de froulje hun prachtiche jûpes en kostberre sieraden  tentoan sprieden? It koe net op, de besikers stonden te kringen om yn byld te kommen…

En dan hearre wy om us hinne dat der noch mear itensbanken by komme moatte. Neffens myn ynsjoch geane wy mei elkoar de ferkearde kant op. Ik besiikje altyd optimistisch te bliuwen. Dan hâld ik my sels foar dat  der yn al dy iewen  ferskaat west hat tusken earm en riik. Mar it bliuwt hoe je it ek besjoche tige drôvich.

Ik besiikje mar op myn eigen lytse fjouwerkante meters rekken te hâlden mei myn meiminske.

NB. Ik ha trouwens de itensbanken foar de fûgels wer befoaride. It  binne tankberre iters. Se freegje teminsen net hoe folle gongen it hjoed binne.

Miljonèrsfair as Itensbank

trochPosted on 1 Comment1min read1205 views

Krystiid

trochPosted on 1 Comment1min read1263 views

Krystiid. Eltsenien hat fry. Soms in moai skoft want de frye dagen moatte op. En dan moat er fan alles barre; boadskipje, putsjes dwaan of besiikjes ôflizze. Dingen dwaan wer je oars net oan ta komme. It kin hiel gesellich wèze mar foar minsken dy allinne binne ,dy  hawwe it faaks dreech sokke dagen.

Mar wat bestjut kriistiid nò eigelik? It is dochs net allinne it hûs fersiere en lekker ite? As nei de wintersport en je ùt libje yn de snie? Dochs kin dat hardstikke  moai wèze fansels, neat mis mei.

Mar wat hâld it nò krekt yn, it Krystfeest? As je dat op de man ôf freegje dan witte se der eiglik neat op te sizzen. We libje yn in tiid wer`t de betsjutting fan dy feestdagen oan it ferdwinen is. Dat is jammer, fyn ik, want de oarsprong  fan dy feesten binne hiel wichtig om troch te jaan.

Minsken ha oare belangstelling krige. It materialisme, de wolfeart en it egoisme is der ek debet oan. Mar foar my is de Kriist in feest fan hoop.  God hat syn soan Jesus Kristus nei de wrâld stjûrd om minsken hoop en moed te jaan. Hoop op in takomst fan frede, hoe fremd it ek yn de wrâld  der hinne leit.

Ienkear sil it frede wèze, dat is de belofte dy hy dien hat dus lit de moedfearren net farre it komt goed.

Ik winskje jimme moaie Krystdagen.

Foto: buaiansayapanomali

Ùs Folksweinbus

trochPosted on 5 Comments2min read1267 views

Ùs folksweinbus is ferkocht. It die my wol wat dat hy nei jierren troue tsjinst foart gong. Ik woe my net kinne litte mar ik wie der emosjoneel fan.

Jimme sille wol sizze;”Wat is dat nò it is mar blik, hear!” Jimme hawwe grut gelyk mar dochs…. We hawwe dizze bestelwein tsien jier hân en hy hat wol hûnderdtweintich tûzend kilometer  riden. We hawwe hiel wat mei dy bus belibbe, onder oaren ek mei ferhuze. Earst moast de iene soan ferhùzje en doe de oare. Ek in neef yn Amsterdam moast  feroarje fan stee,  fan de iene kant fan de stêd nei de oare. En dan noch al dy keren dat wy nei it stoart moasten en hy oan è kop ta fol siet mei ôffal. Hy hat ek noch hiel wat keren riden foar de rommelmerke foar ùs tsjerke. En dan waar hy de lèste jierren brûkt as kamper. Der waar yn slept, iten en wat noch mear… Yn grutte rûnte wie hy bekint om syn kreft en romte en wer ferskate minsken gebrûk fan makke ha.

Mar goed. Hy is no foart. Ik ha him nei sjoen en him it beste winske. Ik hoop dat hy noch in hiel soart minsken wille jaan mei.

Der is wer in oare auto foar yn it plak kaam in behindiger weintsje. Mar dizze moat  er noch hiel wat foar dwaan om te wurren lyk as syn foarganger. Wy moatte elkoar noch leare te wurdearjen mar de tiid sil it ùtwize.

Begripe jimme wol