Oliver en Max

Posted on 1 min read 52 views

Witte jimme wol waard Ollie en Max binne? Dat sil ik jimme fertelle.

Dat binne twa Jack Russells. De iene is in echte en de oare is in ûndùdlik soart. De lèste,  syn mem is in jûn nei de hûnendisco west en der is Max ùt foart kaam. Olly wie der earst  in echte dus, hy komt dan ek fan in flatsje ùt Ljouwert mar wie by syn frou oer en te folle en sa kaam hy by ùs telânne.

Jelle, ùs eardere hûn, wie in ùt te klùten waakse Cockerspaniël. Hy stoar samar ynienen troch in hertstilstân.

Ollie wie der sa fertritlik fan dat hy iet en dronk net mear. Hy gong geande wei efter ùt. Wy seine tsjin elkoar: hy moat wer in maat ha. En sa stie op in goeie dei Max yn ‘e Feanster krante. Ek hy wie oer en tefolle,  noch mar amper in jier âld en al fjouwer bazen hân.

De beide karakters binne tige ùtrinnend. Ollie is in ‘ik’- figuur as ik it mar ha, mar wol hiel ùtwosken. Max is skrander. Hy begrypt wat wy sizze, ùs omgongstaal is dan ek  allinne yn it Frysk mar hy komt dan ek ùt Jobbegea.

Se binne nò beide tsien en âlf jier by ùs, it binne ùs bern wurren. Sy hearre by ùs libben en ha ùs in protte leafde jûn.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
trackback

[…] guod. En ja hjer: it stikje wie  fan it gehoarapparaat en der lei ek noch in battery by.  Ùs Olly woe es wat oars frette as hûnebrokken tink […]

trackback

[…] moasten wy mei fertriet ôfskied nimme. Sa as jimme yn myn eardere stikjes lèzen kint hawwe is hy in hiel skoft siik west. Hy hie focht achter hert en longen. It wie […]

trackback

[…] Max hat pinemûle en nèt san bytsje neffens de bistedokter. Nei dat wy Olly, syn maat, nei syn lèste […]

trackback

[…] is trije oere yn ‘e moarntiid. Skril wurd ik wekker troch de hûn. Hy is tige obstinaat; der binne in pear katten oan it frijen. Dat mei fansels wol mar wèrom kin […]

trackback

[…] komt my wat yn`t sin. Ferline wike hie ik it tùnhek efkes iepen litten. Slof fan my fansels. Ùs Max seach syn kans en smeerde him. Mar foar it hek kaam krekt syn aardsfijân foar by. In jonge man mei […]

trackback

[…] kamera`s? Dy ha wy nèt nedich. Wy hawwe Max dochs? Tweet Skreaun op 8 december 2012 yn Bisten en sa, Minsken and Op stap. 0 […]

trackback

[…] Max wurd in âld mantsje en kriget alderdomsferskynsels. Ik gean der al op lizzen. By it earste lûd […]

trackback

[…] Max wit net wat him oerkomt. Mei lûde stimme en yn geef Frysk besiket er de Spanjaarden dùdlik te meitsjen dat se hun koest hâlde moatte want hjir is hy de baas. […]

trackback

[…] jier ferlyn haw wy him ùt Jobbegea helle. De frou stie deis op rommelmerken en hie gjin tiid foar bisten. Noch gjin jier âld en al fjouwer […]

trackback

[…] Max. Dag jonkje.Tige tank dasto ús en ús âldensafolle niget brocht haste. Groetnis oan úsOlly én ús Tsjeard,boartsje mar in soart en wa witsjogge wij mekoar ooait wer. Dag jonkje. Dag Max. […]

trackback

[…] Max. Dag jonkje.Tige tank dasto ús en ús âldensafolle niget brocht haste. Groetnis oan ús Olly én ús Tsjeard,boartsje mar in soart en wa witsjogge wij mekoar ooait wer. Dag jonkje. Dag Max. […]

Previous
Fjouwer ieuwen Oranje-Nassau

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien