Om it hus

Blèdblazer

troch Posted on 2 Comments 1 min read 285 views

Ik wol in blèdblazer…“, sis ik tsjin myn man; “Ien dy`t alles by elkoar blaast en opsûget.” “Moat dat nò?“; freget er mei in grutte tear yn syn holle; “Wy hawwe hast wol in dozyn tùnklauwers en harken.” “Ja“, sis ik; “mar ik moat  it allegearre beskreppe.

Ik  begjin my te ferdedigjen. “Wist wol wat dat my oan energy en fermogens kostet?” Ik begjin -sa as froulju dat allinne mar kinne- op syn gefoel te wurkjen. “Ik bin ek nèt de jongste mear. Dò moast sùnich op my wèze.” “Sa hie ik it noch net besjoen.”, seit er. En ja hear: yn in folder fyn ik in prachtiche oanbieding. En sa kry ik myn man ek entûsjast.

Efkes letter stiet it apparaat klear om yn elkoar set te wurden. Mar dan komt it; myn man kin net ùt de ynstruksjes wiis wurde. It stiet er yn alle talen mar nèt yn it Nederlânsk -lit stean yn it frysk-. En ik bin ùt noch yn nèt technysk. Mar wer nei buorman Geart ta.

Minske,” seit er; “Dat ding is fierste grut foar jo. Dit is in apperaat foar de gemeente.” Hy leit ùt dat ik in feilichheidsbril op ha moat, doppen yn de earen en moffen oan. En dan moat ik it  hiele saakje op myn rech fèstbine. 

Sille wy him mar op Marktplaats sette?“, freegje ik myn man…

Wyksuster

troch Posted on 0 Comments 1 min read 224 views

Dèr fleant se wer hinne, op `e fiets troch ùs doarp: de wyksuster. Waar as gjin waar, sy hearde yn it doarpsbyld.

Ik sjoch se noch by ùs thus kommen yn in grize as blauwiche jurk mei wite skelk en in wite doek om ‘e holle. Dèr kaam noch by, se wie fan Surinaamse ôfkomst dus frij donker en dat wiene wy nèt went yn it doarp. Se wist alles fan elke hùshâlding. Foaral arbeidershùshâldings hâld sy goed yn ‘e rekken en mei alle fragen en swirrichheden koene jo by har te rjochte. Nei har kaam er in oare wyksuster. Dat wie in bysûnder leaf minske, der ha ik noch de bèste oantinkens oan. Jierren letter ha ik noch faak by har op besite west, doe wenne hja yn in âlderein hûs. De middei fleach om mei har ferhalen oer de minsken ùt myn doarp, wer fan ik de measten helder foar de geast krye koe.

De wyksusters, sy wiene unbaatsuchtiche opofferjende froulju dy dei en nacht klear stienen foar de minsken ùt myn doarp. Wy sille hun nea ferjitte. 
Mar hja komme werom, wurd er sein …

fotobron

Ùtlitte

troch Posted on 0 Comments 1 min read 380 views

Healwei kom ik myn buorfrou tsjin. Hja ferteld dat se mei man en bern nei Curaçao west is. It hele jier wurd dèr foar sparre want de femyljebânnen binne hiel hecht. Se hat my al es korrizjearre want ik  hie it oer Suriname mar dat hie ik mis: it wie Curaçao en dat is hiel wat oars.

Nei dat wy bypraten binne gean Max en ik wer fjirder. Dan hâld Jan my oan; hy en syn freondinne binne mei de karavan nei Italië west en hawwe it osa nei it sin hân. Ek Veronica is mei har man en twa hûnen nei it suden west. Entûsjast ferteld se wat hja belibbe ha ûnderweis. Max wurd ungeduerich, hy hat al hiel wat kearen syn poat omheech hân mar der moat noch mear barre. Dan komt myn neiste buorfrou er oan en seit dat sy mei har man -de frachtrider-  nei Frankryk giet. Ik winskje harren in moaie rit ta en lit my nei de berm skuorre.

Wa lit wa ùt, ik wit it nèt..

Komme

troch Posted on 0 Comments 1 min read 231 views

Op myn fraach wannear sy fan plan binne te kommen, seit hy wat kitelich: “Mar wy binne dochs krèkt west!”  Ja jonge, dat is ek sa: it tsjit my ynienen wer yn`t sin.

In pear wike allyn kamen sy unferwachts thùs mei twa hûnen dy hja ùt Portugal adopteare hiene. Mei ùs eigen twa hûnen wie it yn ienen in heidensk lawaai yn ùs oars sa rèstiche buert. Mar nei it earste kontakt gong it wûnderaardich goed tusken de Fryske en Portugeeske bisten. De taal joech gjin swirrichheid.

Wat is it dochs gesellich as dy bern thùs komme. Dèr moat hiel wat ôfpraten en ynhelle wurde. En as wy dan sa bijelkoar sitte dan komt de polityk, it miljeu en maatskippij op it taffelkleed. Faaks ha wy ferskate mieningen en de lûden wurde dan ek ferhefticher. Sa hat it altiid by ùs west: diskusjearje ûnder iten. Oant ik sis: “Hoe smakket it? Wa wol noch wat ha?” En sa komme wy wer yn rèsticher farwetter.

En dan binne sy foart. Us hûnen lizze bewusteloas yn ‘ e koer, dy hearre wy jûn net wer, en ik freechje my ôf: wannear soene sy werkomme?

Wiete fuotten

troch Posted on 0 Comments 1 min read 301 views

Ik kom fan bed en bin yn ien klap klear wekker. Myn man hie my al warskouwe; Ollie hat it fan nacht net droech hâlden.

Mei dat ik fan de trep ôf op de grûn stap, stean ik op in dweil-troch-wiete flier. Myn earste betinken wie: ‘Dit hat Ollie nèt dien. Dit is fan swierder kaliber….” It flierkleed fan it sitsje komt my al te mjitte driuwen. De hûnen siikje it hegerop, hja witte nèt wat hun oerkomt. Ik rop nei myn man:”Hast de kraan iepen stean litten?” Want hy wurd somtiden wat ferjitlik, sjoch. Ik wachtsje net op syn antwurd en skilje mei de bouferieniging.

De mannen fan de riolearring sille dalik lâns komme.“, sizze sy my ta. Yn ôfwachting fan begjin ik te dweiljen en prottelje wat ôf. Myn hiele programma is yn ‘e war. Mar lokkich is dèr de man fan de riolearing en al gau kinne wy ùs gong wer gean. Wat ha ik in respekt foar dit soarte minsken want it is nèt it moaiste wurk, liket my. Der stiet tsjin oer, hja hawwe altiid tankbere klanten.Yntiid ha ik de fersekering skille en mei in bakje kofje en in praatsje binne wy yn goeie harmonye ùtelkoar gien. Mar wy hawwe it noch net hân, nò komt it noch alles moat der ùt.

Mar dan sjoch ik hoe de tyfoan Irene hûshâld. En skamje my djip…

foto: onweer-online.nl

 

 

De Sparrebeam

troch Posted on 0 Comments 1 min read 244 views

Kin fan dy beam ek wat tûken ôf?” ropt myn achterbuorman; “… wy ha san rommel fan dy nuddels op it terras!

Hy komt der mei op in sear stè want ik bin -o sa- wiis mei dy beam. Dû wy hjir jierren allyn kamen te wenjen stie hy der al. It is in pronkje om te sjen, hat prachtiche tûken dy elts jier langer en langer wurde. Der wenje in hiel soart fûgels yn en somtiden fan in ônbekind soart. En dan noch beskermet hy ùs foar nijsgjirrigens fan minsken dy om ùs hinne wenje. Der is yntusken noch in buorman by kaam en noch ien fan de oare kant fan it paad. Se begjinne hun der allegearre mei te bemuoien: dy iene wol allinne de ûnderste tûken der ôf en in oaren ien wol him mar hielendal omseachje.

Ik kin it net langer mear oan hearre. “Hò es!” rop ik mei ùtset lûd; “Ha ik ek noch wat yn te bringen? It is wol myn beam, hear! Earst mar es oan de kofje, nèt?” Ik besiikje tiid te winnen en al gau komt it praat oer de fuotballerij. En dan witte jimme it wol, manlju binne der noait oer ùtpraat. Ùt einliks sette hja wer op hûs oan en binne de hiele beam fergetten… 

Letter op ‘e dei bin ik by him (de beam, ) lâns west en ha my eksekuseare foar ùs minslik gedrach.   It is goed hear , sei er…

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien