Peaske komt er oan

Peaske is foar my altiid wer it feest fan hoop en nij libben. De natûr ûntwrakselt him ùt de winterse klaaiing en docht de simmer pronk oan. De fûgels wrotte hun ùt de naden fan moarnsier oant jûns let om alles op ‘e tiid klear te krijen. It ljocht en it tsjuster hawwe rûzje oer … Read more

Moment suprême

It Moment Suprême is foar my de sneontemoarn as de Ljouwerter Krante op `e matte falt. Myn man, troch de jierren wiis wurden, seit neat; hy kriget dochs gjin andert. Dit is foar my in hillich momint. Ûnder it drinken fan ferskate kopkes kofje rin ik troch it nijs. Ûnnrêst by de plysje, in artikel … Read more

Ferbining

Al in hoartsje ha ik reboelje mei it ynternet en altyd as ik it neetsaaklik brûke moat. “Wost efkes op `e bank sjen?” freget myn man. Nei dat hy eachkrupsje krige hat, hat hy my weiwiis makke op it ynternet barren. Nei in protte earmoedzjen en eameljen fan myn kant krige ik it ûnder ‘e knibbel. En … Read more

Bijbliuwe

“Bijbliuwe.” seit men. Foaral by it âlder wurden. Och, wat doch ik myn bêst om bij te bliuwen. Op ferskate manieren besiikje ik bij te bliuwen. Sa wol  op it terrein fan  de polityk  technyk as  op maatskiplik  flak. Ik ha nea in stjer west yn learen. Allinnich op it mêd wer`t myn interesse op dat stuit … Read more

Misse

Ik sil him nèt misse.” seit se opstannich. In goekunde fan my hat koartlyn har man ferlen. Ùt fatsoen kondolearje ik har en sis ûnnoazele wurden sa as ‘sterkte‘. “Ik sil him nèt misse.” seit se noch es. It trouwen mei dizze man wie in fersin. “Mar ja, hy hie in goeie baan en in goed ynkommen. Mar … Read more

Kloklieder

Edward Snowden hat bekend makke dat de Amerikaanske feiligheidstsjinsten fan elkenien op ‘e hichte is.. Sa is ek ùs ynternet en de telefoan net feilich. “En myn webside dan?” freegje ik de soan; “Wat hat de FBI, CIA en de AIVD oan myn skriuwerij?”   “Yn dy simpele stikjes kinne wol spionaazje berjochten ferskûle sitte.“ seit … Read more

Smoke

Binne jo ek in smoker? Wat mysels oangiet: ik moat it earlik ta sizze… ja. Mar sa as elke ferslave sis ik:  ‘Ja, ho es efkes, ik bin mar in smoute smoker!’ Mei oare wurden: it hat neat om‘e hakken. Sa folle smook ik net. Mar wat my it measte dwers sit is it kommentaar … Read more

Memmetaal & it Heitelân

Wat is jimme taal? Is dat Frysk? As prate jimme Nederlânsk? Myn bertetal is Frysk en der bin ik grutsk op. Werom? Dû ik berne waard sei myn mem: “Wat binne wy bliid mei dy”.  Dû de grutte leafde yn myn libben kaam sei hy: “Ik hâld fan dy”. Dû myn heit stoar wiene syn … Read more

Unferdraachsumens

Wat is er dochs mei ús wrâld oan’e hân? Hoe kin dat no dat der sân ûnferdraachsumheid tusken folken bestiet? No wurde de Kopten -kristenen- út Egypte wer ferfolge en bedrige. Altyd is er wol earne op de wrâld geweld tsjin minsken dy oars leauwe as oars tinke. Mar wy kinne der ek wat fan. … Read more

Sùtrich waar

Minsken, minsken wat in triest waar. Je soene er depressief fan wurre.  Stoarmje en reine, it is waar om de hiele dei ûnder de dûnstekken te krûpen. De tùn dy ik sa kreas er by lizzen hie, is yn in pear dagen feroare yn in woeste nye.  Mar kom op, der binne noch genoch positieve dingen … Read more