Ferkâlden

woefJo sniffelje noch al wat.” sis ik; “Binne jo ferkâlden?

Ja,” seit se, se is hast net te ferstean. De sjauffeur fan myn taksje hat it goed te pakken. It is al let yn de neimiddei as se my ophellet.  

Ha jo ek hûnen?” freget se.

Ja,” sis ik; “we hawwe noch ien. De oare hûn is dea.” Yn ienen begjint se te gûlen en seit: “Ik bin net ferkâlden mar ik ha fertriet.

Hoe nò?” freegje ik; “Wat is er oan ‘e hân?” It is tsjuster yn de bus en de sfeer wurd fertroulik .

Wy hawwe fyf hûnen, fan grut nei lyts. De âldste is in grauwe swarte. In yn leave hûn. Sit gjin kwea by. En dy hat nò just yn de kop biten fan de puppy fan seis wike. Ik sjoch it noch foar my. It ear en each hongen der by. De bistedokter hat oeren oan it hechtsjen west.

En hoe liket it nò?” freegje ik.

De fèarts hat sein; “Hy rêd it wol op.

Nò, dat is dochs goed nijs.” sis ik.

Wolle jo de foto`s sjen?” freget se.

Tusken de papieren fan de taksjeklanten komme de foto`s fan it hûntsje foar `t ljocht. Al in skofke stiet de taksje foar de doar mar se net hastich mear.

En hoe is it mei de dieder?”  freegje ik noch. “O, dy mei bliuwe. Dat is san skat.”

Se is net ferkâlden mear en giet nei in oar harkjend ear.

Diele mei:

4 Comments on “Ferkâlden

Leave a Reply to Appelvrouw Cancel reply

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien