Akademy

pedicureDat hie ik fan my sels noait tinke kinnen mar ik sit echt op in akademy. Altyd al graach wollen. Mar it is net in akademy om te studeren. It  is de Noord Nederlandse Academie voor Pedicure opleiding.  

Ik bin frege as stùdzjeopjekt. Kwa lingte, gewicht en âlderdom fûnen sy my de ideale persoan. Nò, toe dan mar. It kostet neat. Dat skeelt.

En sa moat ik in protte fragen beàntwurdzje. Nei earst in blaudruk fan myn fuotten nommen te hawwen wurd ik yn in grutte draaistoel set. Ûnder de hannelingen troch giet myn stoel omheech en dan omleech.

Om my hinne sitte wol tweintich ‘objekten’ te wachttsjen op har beurt. Tusken al dy froulju sit ien man. Ferfeeld sjocht hy om him hinne, it duorret him fierste lang.

De iene nei de oare studinte komt by my lâns. It binne allegearre jong fammen dy pedikuere wurde wolle. In frommeske fan middelbere aldens giet foar my sitten. Se begjint mei sefte hannen myn fuotten te massearjen. Se fertelt dat se wachte hat mei de oplieding ta har bern grut genoch wiene. En as hja klear is begjint sy mei in eigen praktyk.

Stadichoan begjint it my yn te brânnen. Einliks kom ik nei trije ûren fan behanneljen stiif en krebintich oereinl. Ik hie better nei in striker gean kinnen, betink ik my.

Ûnderwilen siket myn man om it telefoannûmer fan Jaap Jongbloed. Soene se myn fuotten ferwiksele ha? It rint sa nuveraardich… 

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

12 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Appelvrouw

3 uur lang aan je voeten laten friemelen?
Bah. Je moet er wat voor over hebben om object te zijn.

Mij een raadsel waarom iemand pedicure wil worden, al die smerige zweetvoeten met eksterogen en eeltlagen en schimmels… brrr.

Elske

Dochs wol mei in moai kleurke neillak derop?

Elske

Remeedzje tsjin kalkneils:
Moarns de neil yn de Vicks Vaporub sette. Elke dei skinne sokken oan. Jouns yn in tobke mei warm wetter en jittik en dan goed ôfdroegje en wer yn de Vicks Vaporub sette
Ien kear yn de wike de kalkneil goed knippe en befykje en dernei de file fuortgoaie en it skirkje yn goed hyt wetter skin meitsje.

En folhâlde oant de kalkneil hielendal fuort is ……….

De neillak komt wol as jo fan de kalkneils ôfbinne. Lila-pears fyn ik moai.

Elske

As dat sa wie, fart it skip mei jild binnen.

Soan D.

Ik fermeitsje mij prima mei jimme konversaasje. 😉

Appelvrouw

Maar voeten? Ik hoop mijn eigen voeten te kunnen onderhouden, desnoods met een grote rasp aan de muur.

Gooitsen de Vos

Leave Wokke,
Hast no ek in akademyske titel; Doctoranda of sa.Hopelik hast no gjin lange tjennen……………
Kinst dy better behannelje litte troch jongkeardels.
Ik ha sels ek in jong frommis as pedicure..en leaf!!
Mar Janny sit er ek altiten by!