Realistysk

Op de doarmatte falt in útnûging foar in tentoanstelling fan skilderkeunst. In freondinne fan ús is nei har fiifensechstichste begong te skilderjen. Fan ôf maart oant augustus eksposearret sy yn ‘De Deelen‘.

Ik skilje har dat ik earst es lâns komme wol. Want ik bin in analfabeet op dat mêd. Ik mei de hiele samling fan skilderijen besjen.

Ik freegje: “Wat bist sto no? In abstrakte keunstner as wat oars? Hoe moat ik dat sjen?” Ik fiel my ûnnoazel en ûnwis ik bin op in terrein wer`t ik net yn thús bin.

Mar sy kin my wol en seit: “Sis mar: ik bin in realist.” Ik knik en besjoch de hiele útstalling.

Ik ha bewûndering foar har. Op jin âldens noch soks prestearje, dat fyn ik knap.

Nei dat ik tasein ha te kommen, gean ik ûnder yndruk nei hûs.

En ik dan… Ik besykje ek yn al myn breklikens en beheindens yn taal te skilderjen

Abonnearje
Notify of
guest
7 Comments
Âldste
Nijste
Soan D.

Een weblog hawwe op 77 jier is krekt sa knap. Miskien nog wel knapper.

Sjoerdtsje de Vries

No, dat bin ik no hielendal mei jo soan iens. Dát fyn ik in prestaasje!

Soan D.

Liflafkes binne it noflikst, faaks.

gelfke

Moai stikje!
It frysk kin wol in opfrisser brûke;-)))
goed wykein!

7
0
Would love your thoughts, please comment.x