Anna

Ik rin wat senuweftich troch it hûs. Ik ferwachtsje besite. Alles moat er kreas en himmel ùt sjen. Want de earste eachopslach seit in soart oer de minsken dy der wenje.

Se komt te tee drinken hat se my witte litten. Se is net samar besite; ik ha har noch nea sjoen. En dochs kin ik har al hast toch en troch.

Dat sit sa; ik ha har kennen leard fia har en myn skriuwsels. Oer en wer fertelden wy elkoar wat ùs sa al dwaande hâld. Stadichoan gongen de petearen djipper.

We ferhellen oer de pine by it ferlies fan in dierbre.

Mar ek oer fermaaklike sitiaasjes. Sa as sy it leafst allinnich mei in tintsje op de camping stiet. Allinnich wêze yn de natûr mei de lûden fan de fûgels om har hinne.

Ik sjoch noch es om my hinne. Se kin sa komme. En dan stoppet er in auto, in frou stapt ùt.

Dit moat Anna wêze.

Ik slach de earmen om har hinne. 'Kom mar gau mei.' sis ik; 'De tee is rè.'

It wurdt in gesellige middei. We hoege net mei elkoar yn de kunde te kommen, we witte ommers alles al fan elkoar. Al dy ferhalen komme sprekkend oerien mei dit frommeske.

Anna.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

6 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Appelvrouw

Wel bijzonder he, onze verhalen lijken zelfs op elkaar 🙂

Anne van Londen

ik vind het leuk te lezen dat je zomaar een klik kan hebben met een lezer van je verhalen die je helemaal niet kent.

Elske

Wat bysûnder! Wat makket it, wêrom ûntstiet der online in bân tusken minsken? Omdat je wat werkenne yn elkoar, wat it dan ek is? Dat freegje ik my wolris ôf.

6
0
Would love your thoughts, please comment.x