Fiksje as werklikheid

Dat kin net hear,” seit in nicht fan my; “do hast in stikje skreaun oer Jabik, myn broer.”  Sels fyn ik it in goed stikje mar ik helje it fuort. Ik hâld fan goeie underlinge ferhâldingen .

Dat is seker in stikje oer Ynse, do wist wol wa ik bedoel. Dat kin net hear.” seit in oarenien mei in kromke ferwyt in har stim.

“Wie dat jimme heit der sto oer skreaun hast?” seit in freondinne; “Ik wist net dat it san aparte man wie.” 

“Né,” sis ik; “it ferhaal giet oer in hiel oar persoan.”

Ik hâld fan minsken, elts is wer oars. Minsken falle my op.

Ik wit net wat it is mar se lûke my oan.

En as it oer famylje as oer goekunde giet, moat ik der oer skriuwe kinne.

Mar om oer famylje te skriuwen dat leit dreger, der moat jo foarsichtich mei wêze.

“Sa ha ik ùs mem nea kennen,” seit myn broer. In oare broer seit: “Sa wie se krekt.”

Elk fan ùs hat in oare kant fan it minske kinnen leard.

“Meist wol oer my skriuwe hear.” seit ùs mem dan; “As it mar gjin lulferhaaltsjes binne …”

Fiksje as werklikheid, jo moatte it beskriuwe kinne.

 

LÊS EK:  Facebook
  • En sa is it mar krekt: eltsenien syn of har persoanlike blik, kleure troch it ferline…

  • >