Behingje

flessen“Ik wol nij behang  yn de keamer.” sis ik tsjin myn man. Hy sjocht om him hinne en ik sjoch oan syn lichemstaal dat er dat unsin fynt.

“It sjocht er goar ùt.” gean ik fierder; “Ùs skilderijen komme der net goed op ùt. Tsjin myn argeminten kin hy net op. Dat hat de tiid him leard.

In freondinne wol my helpe. Ik sil in aerdich staaltsje ùtsiikje en dan sille wy los. Wy prate ôf dat wy dat op in jûntiid dwaan sille, dan hawwe wy net ien om de fuotten rinnen.  Sa sein, sa dien. Ik ha behang fûn wat maklik te lymjen is sûnder in grimeltsje as blomke.

Sy sil boppe oan begjinne en ik sil smoarre en oanjaan. We begjinne mei in kopke kofje. Nei dat it wat letter wurd nimme wy wat sterkers. It falt ùs tsjin: it is dreger dan wy tocht hiene. Mar hoe letter it wurd hoe mear wy der nocht oan krije.

Wolst noch ien?” freegje ik ûnder de bedriuwen troch. Op it lêst sit it behang er yn. Wy sitte beide langùt op ‘e grûn ùt te pûsten en sjogge tefreden om ùs hinne. De stisel is op en de flesse  leech.

De oare moarns gean ik betiid der ôf, nijsgjirrich wat ik sjen sil. Ta myn grutte alteraasje binne de muorren keal en leit it behang op ‘e grûn.

Moarns skilje ik de skilder.

Mar wat ha wy in moaie jûn (ahum; nacht) han. Wy hawwe it er noch faaks oer.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien