Kammeraten

Oant sneontemiddei, hear!” ropt hy my nei. Wol fiifentweintich jier binne wy befreone. Hy, in Fryske boeresoan fan it plattelân, en de oare in undernimmende jongfeint ùt Amsterdam.

Sy kamen mekoar tsjin yn de trein en it klikte foart en daliks tusken dy twa. Drege tiid wie it yn it begjin; in dûmny mei in freon yn in pastorije. Der moast it doarp oan wenne mar al gau wiene se eigen wurden.

Nei ferrin fan tiid kaam hy as foargonger yn ùs gemeente.

Fan ôf dy tiid begong ùs freonskip hechter te wurden. Elke sneontemiddei waard ik ferwachte foar in hapke en in drankje. Ùs petear gong dan oer ekonomy, leauwen en it wrâldbarren. Jo koene it net sa gek betinke as it underwurp kaam op it plusenkleed. Oant samar de Amsterdammer ferstoar.

Hy wie wer allinne. It duorre lang foar dat hy syn libben wer op de rails hie. Wy hiene in hiel soart kontakt en alles moast bliuwe sa it altiid west wie. Oant ik juster in telefoantsje krige dat ek hy troch in hertoanfal troffen wie….

Wat moat  ik nò sûnder myn beide kammeraten? Wer moat ik fuortoan hinne mei myn grappen en grollen en somtiden serieus petear? Ik set kofje sûnder kofjefilter en de hûn lit ik ùt sûnder hûneriem. Ik bin der ôf….

En mei in earmswaai ropt er; “Oant sneontemiddei, hear!” (..)

*UPDATE 11-7-2014: Dit is in bewurking fan it orizjinele stikje. Dêryn sieten in tal programmeerfoutsjes. Excuus dêrfoar. 

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien