Earmhûs

foto: kroniek van enkhuizen

foto: kroniek van enkhuizen

Fan ôf it skoalplein seagen wy ùt op in earmhûs. Op in bank foar it hûs siten altiid prûmkjende âlde mantsjes en in handikapte jonge. Waar as gjin waar, sy siten bûten jier yn jier ùt.

Sa ùs ferteld waart moast it hûs skjin bliuwe. De jonge wie in wees mar waart by de âlde minsken poate. It byld fan dy  âlde mântsjes en dy jonge op de bank sil ik nea ferjitte. Letter binne de earmhùzen yn  Fryslân slùten en binne de minsken nei gruttere opfangfsintrums gong sa as Nieuw Friesburg op it Hearrenfean.

Dat byld fan dat earmhûs krige ik foar myn eagen by de iepening fan in spiksplinter fersoargingshûs. It kontrast wie grut neat ûntbruts er oan. Der wie in swimbad, fisiotherapy, gymnastykseal, apteek en in soart ûntspanning foar de âlde minsken. Prachtige oanleunwennings en aparteminten. Hiel moai fansels foar eltsenien.

Mar wat hie ik dat dy âlde mantsjes en dy handikapte jonge fan herte gunt.

Mar tiden hawwe tiden.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien