Dieredei

Stientsje hat ek Dieredei.

Dieredei. By ùs is it hiele jier Dieredei.

Ik kom ùt in tiid dat bisten gjin besteansrjocht hiene. Der sille fansels altyd minsken west hawwe dy fan bisten hâlden. Mar it grutste part fûn it gewoan dat se der wienen. Se hearden by it strjitbield en by it doarp fan do.

Der waard net altyd sachtsinnich mei omgien. As er te folle katten kamen waarden se fersûpt yn in sek, ferswirre mei grutte stiennen.

Fèdokters bestiene der wol mar net foar lytse hûsdieren. Foar hûnen wie it ek net altyd feest, se koene in wâld krije as se foar de fuotten rûnen.

Kninen waarden in jier lang fetmeste mar dan belânnen se yn it fleispanne. Ta grut fertriet fan de bern, dy hiene der ommers in bân mei krige.

Wy hiene thus faaks bisten dy ùs heit fûn yn `t lân. In hûn mei trije poaten dy yn in meanmasine sitten hie. In kat dy in stut miste en it paad net mear rjocht hâlde koe.

Hinnen waard goed op past, se leine ommers eiin. Mar as dat foarby wie dan bedarren se ek yn de panne, dat wie do sa.

Dieredei. In hiele goeie ynstelling mar it moat net by ien dei bliuwe fansels.

“Minsken en bisten hearre byelkoar en binne no ienkear unskiedber.” 

One Comment on “Dieredei

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien