Skrutens

troch Posted on 8 Comments 1 min read 151 views

Ik ha wat foar mem meinaam” seit er.

Mei in grutte haal fan syn earm wurdt de tafel leech makke. In foarse doaze wurdt midden op `e tafel set.

“Wat moat dat?” sis ik wantrouwich. Ik kin dizze soan, hy komt altyd mei ferrassingen. En faaks komt hy mei ark oansetten dy `t my fier boppe de pet gean. Wat hy oer hat wurdt faaks by ùs delplante.

“Lit mar sjen.” sis ik en pak er in stoel by.

Protten papier wurde op `e grûn smiten en dan komt er in grutte griene bak te foarskyn. Yn spanning sjocht er my oan.

“Wit mem wat dit is?” freget er.

“No, gjin kofjesetapparaat.” sis ik.

Dat sjoch ik sa wol. It is in scanapparaat dat foto`s scanne kin.

Ach heden, hitske.” sis ik; “der begryp ik neat fan.”

“As mem kofje hat sil ik ùtlizze.”

En sa besiket er my weiwiis te meitsjen yn wat by syn generaasje de gewoanste saak fan de wrâld is.

Skrutens foar it nije.

Wat ik net kin en net behearskje sit er djip yn. Mar dan betink ik my dat dit fan alle tiden is. Ûs mem hie dat ommers ek; stofsûger, mikser en kofjesetapparaat… se moast er earst neat fan hawwe.

Mar as der dan mar ien is dy geduld mei jo hat, dan sjoch ik de nije tiid wol sitten. Skrutens…

 

 

 

 

 

 

 

  • 2
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
    2
    Shares

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Elske
Guest
Elske

Jim ha in fakânsjebaantsje 😉 It it projekt “Digitalisearjen fan âlde foto’s”.
Ik sjoch it al foar my. Jo man de âlde foto’s op de scanner lizze, hy seit “ja” en jo klikke op de goede button op de kompjûter en kontrolearre oft alles goed scand is en set der dan in tekst by en wannear it wie.
Underwilens gesellich mei in kopke kofje oer de âlde foto’s praten. Is dat net noflik?

Elske
Guest
Elske

Ek tafallich. Dizze wike fan ús alle twa wat op deselde side yn de krante. Ik wat dien foar de oantinkensgearkomst foar tante Kee.

Rob Alberts
Guest

Mooi verhaal

Veel moderniteiten gaan ook aan mij voorbij.
Maar langzaam, langzaam ga ik toch met de tijd mee.

Nostalgische groet,

Previous
Wa wachtet der op jo?

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien