Kommersjeel as noed

troch Posted on 0 Comments 1 min read 190 views

 storage-bins-and-boxes“Hoefolle pillen moast sto ynnimme?” freegje ik myn buorman.

Hy hat in doaske mei dagen en datums foar him lizzen. Sekuur wurdt dat elke moarn dien, hy mei him ùt noch yn net fersinne. “Wisto  wer`t se foar binne?” freegje ik him. “Wolné,” seit er; “der binne sa folle. It sil wol earne goed foar wêze.”

Juster wie op it nijs dat âlde minsken hielendal net witte wer`t hun medisinen foar tsjinje. It is komkommertiid op it nijs dus moat er wat socht wurde wat de minsken oan sprekt.

En sa komme er hjoed-de-dei ferskate ankettes en proefskriften foarby. It tema giet gauris oer âlde minsken. Se drinke tefolle, der binne noch al wat ferslaafden ûnder de âldsjes. Dan wurdt er wer sein dat in part fan de âlde minsken hast net rûnkomme ken.

In grut diel der fan libbet yn earmoede. Mar ek de medisinen krije de oandacht.

Myn buorman is by de lêste dei fan `e wike belânne. “Sa klear.” seit er en klapt it lid ticht.

Kommersjeel as noed…..

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Notify of
Previous
Meitinker

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien