Anonym

troch Posted on 0 Comments 0 min read 132 views

Naamloos-1“Nea wer fremde telefoantsjes oannimme, sawol mobyl as fêste, hear!” warskôge de soan.

Mar wa is dy jinge dy t skillet freegje ik my ôf. Ik kom ùt in tiid dat wy nei it postkantoar moasten om te skiljen as om telefoan te krijen. Dan wie it  hiele doarp al op `e hichte as wy besite krigen, noch foar wy it  sels wisten.

De tiden binne gelokkich feroare mar dat eltsenien jo mar skilje kin , betroud as net  moat  jo mar oannimme.

Sa waard ik okkerdeis skille troch in simpatyk minske. Se frege my hûnderd ùt mar wist alles al; âlderdom, wenplak, postkoade en sa fierder. “Wer giet it om?” koe ik er noch krekt tusken krije.  

“Ik ben van het Leger des Heils.” seit se. Ik hie alles wat oermakke want ik ha grut respekt foar dy lju. Mar se hâld mar oan. Hoe goed wurk  as sy dienen. Doe frege hja nei myn rekkennûmer en ik krige argewaasje. Ik sei; “Dat hawwe  jimme dochs al?” “Ja maar wij zijn van een andere tak van het Leger.” sei se.

Myn betrouwen yn it minske hat wers in flinke dûk oprûn.

De oare deis krige ik jild werom fan myn provider; der wie in anonyme beller west en dat hat mij jild koste sûnder dat ik it yn de gaten hie.
Anonym … Oplichterij is fan alle tiden.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Notify of
Previous
Regearje is foarùt sjen…

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien