Kontroversersjeel

troch Posted on 1 Comment 1 min read 462 views

caravanDer stiet in enoarme grutte wite caravan foar ùs hûs. It wurd er tsjuster fan yn 'e keamer.

De buorren ha in skofke allyn in poppe krigen en wie de caraven te lyts. "Se kinne better thus bliuwe." sei myn man; "Dan ha se alles by de hân wat se nedich ha." 

Nynke wurd ùt de widze helle en yn alle hoeken fan de wein set. "Se past er net yn." seit er; "We hiene better mjitte moatten."

Se hawwe mei lju fan marktplaats.nl oan it hânneljen west. Hja de âlde en de buorren in grutter slach. Sy moasten er hielendal foar nei it suden fan it lân om it ding op te heljen. En nò is hy te lyts.

Mei spanning folgje ik de gong fan saken. Hoe soe dit ôfrinne? In hoartsje letter ride se fuort om tsjin de jûn mei noch in gruttere thus te kommen. De buggy mei Nynke er yn wurd wer yn alle hoeken set. "Hy hie noch wol in slachje grutter kinnen." seit er tsjin my.

"Wolle jo salang op de kat passe?" freget er; "En ferjit de goudfisken nèt en o ja; der binne ek noch in pear marmotten."

Nei dat se in flinke foarried oan iterij ynslein hawwe sette se ôf.

Ûnderwilen brekt yn Egypte de hel los ...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

Appelvrouw

gek hem hoe alles door elkaar heenloopt, de een heeft een probleempje waarvan je je dan afvraagt: waar maak je je nou druk om.

Previous
Skroar

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x