Previntyf

angieIk lit my operearje.” seit se. “Wêrom dat?” freegje ik. Hja sjocht er sûn ùt.

We sitte ûnder ‘t genot fan in bakje kofje by te praten. Ik kin Jetske al myn libben lang. Earst fan de legere skoalle en doe kamen wy letter yn it selde doarp te wenjen. Har man siet yn saken en dy fan my ek. Sy krigen trije bern, wy ek.

It akkodeare tusken ùs wonderlik goed. Sy koe myn achtergrûn en ik har es. As ik wat ferhelje oer ùs thus dan fult sy dat oan. En as sy op har beurt oer har âldelju ferhellet, dan kin  ik dy klear foar de geast krije.  

Fertel,” sis ik; “wat skeelt der oan?” 

“Ik bin bang dat ik op in djûr kanker krij.” seit se. “Hoe komst der by?” freegje ik ferheard.

Nò, us mem hie boarstkanker en myn suster is er ek benaud foar. En no litte wy ùt foarsoarch ùs operearje.”

Mar jimme hoeche it dochs nèt te krijen?” merk ik op. “,” seit se; “it is preventyf. Wy wolle de siikte in slach foar wêze.”

In setsje letter kom ik ha wer tsjin. “Hoe is mei dy?” freegje ik. “De dokter woe it noch efkes oansjen en miskyn lit ik it èk wol oergean.” seit se.

Wy libje yn in tiid fan previnsje. We kinne as wy er optiid  by binne de kwaal in slach foar wêze. In grypspuit helje en in tsjeckup krije. Wy libje yn in befoarrjochte tiid. Lokkich mar.

Mar somstiden tink ik wol es; wurde wy nèt tefolle eangstich makke troch media en de knappe koppen? En soene wy net wat mear betrouwen hawwe moatte yn it libben sels?

Alle dingen hawwe twa kanten.” sei ùs heit altiid. Jetske, hâld my op ‘e hichte. Dò bist altyd wolkom, dat wist wol …

Diele mei:

One Comment on “Previntyf

  1. Het is ook moeilijk te oordelen over dat een ander haar beide borsten weg laat halen uit voorzorg. Voor mij onbegrijpelijk, maar kennelijk is er een grote groep die er bewondering voor heeft dus zal voorzorg wel handig zijn.
    Ik doe aan geen enkele check meer mee, als ik kanker moet krijgen dan denk ik aan Vroems, en dat hij zich liet opereren, en al die anderen, die binnen 5 jaar na de operatie stierven.
    Ik weet niet wat ik dan zal doen,
    hopelijk zal ik ook zo’n vriendin hebben als jij (bent).
    Want dat is wat op dat moment telt, een oor, een begripvol oor.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien