Trijehûndert X

troch Posted on 7 Comments 1 min read 249 views

Trijehûndert stikjes. Stikjes oer ferskate underwurpen.

Skriuwsels sa as ik my op dat stuit fielde. Gefoelens fan ûnwennigens, fertriet, leafde, lilkens en blidens… se kamen allegear foarby.

It is myn utlitklep wurden. It hat my skerper en opmerksummer makke. De eagen en de earen iepen, dat ha ik my yn de rin fan de tiid oanwent.

Skriuwe oer minsken en hun wisânsjes, oer bisten en de natuer. Mar ek de femylje dy moast it faaks ûntjilde.

Sels myn man hat it al te pakken. Hij seit gauris; “Der moast wat oer meitsje.” Wa hie dat no tocht fan san nochteren man?

Wol moat ik sizze: oan de stavering mankearret noch wol it iene en`t oare. Mar stadich oan wurde se better. It leart al wat. Myn Frysk wurdboek is al oan flarden. Kinne jimme neigean.

Mar ien ding is wis, se binne mei nocht en wille ûntstean. En as de tiid komt dat se my allegearre as in fremdeling foarby rinne, dan is de lêste makke…

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Leave a Reply to memmeminske Cancel reply

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Hendrika
Guest

Op naar de volgende 300 x, ik lees ze met plezier!

memmeminske
Guest

Dat docht my deugd.

Appelvrouw
Guest

Schrijven is een mooie uitlaatklep, maar daarnaast ook nog een beeld van jezelf.
Als je dan kinderen hebt, en misschien kleinkinderen, is dat een geweldige gift die je ze na kunt laten.
 
 

memmeminske
Guest

Waarom moet je zo laat in je leven nieuwe dingen ontdekken? 
Waarom niet eerder? Zonde.
We hebben trouwens geen kleinkinderen om de gift door te geven. Wel zoons maar die geven niets om de schone letteren, helaas.

Soan D.
Guest

Da’s net hielendal wier, us memmeminske. Mien letteren binne allinnich net sa skjin as dy fan jo. 😉

memmeminske
Guest

Dat is wier, mar do hast talint en bist osa kreatyf.

trackback

[…] grutske soan hat mien ‘jubileum‘ op syn Facebook set. Moaie reaksjes op hân. Tige […]

Previous
Yngenieur

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien