Farre

troch Posted on 2 Comments 1 min read 141 views


Farre jo ek? “ freget se oan myn soan.

We sitte oan de kofje yn it Fermidden, de grutte seal fan it fersoargingshûs.

Se freget noch in kear: “Farre jo ek?” Ferwachtingsfol sjocht se him oan.

“Ja,” seit er; “ik faar op Dùtslân.”

“Ek op in skûtsje?” Mei grutte blauwe, trochskinende eagen sjocht se him twingend oan. 

“Né,” seit er; “ik faar op in grutte tanker.” “Dus net mei turf as stront?” freget se.     

“Wy hawwe in skûtsje hân, myn man en ik, en sa wiene wy faak yn Dùtslân. Mar simmers dan soargen wy dat we op tiid by it skùtsjesilen wiene, dat wie ùs ienlikste fakânsje.”

“It wie in dreech bestean mar we wiene tevreden.” giet se fjirder; “Altyd tegearre en nea spul hân.”

“Ha jimme it skûtsje ferkocht?” freget myn soan.

Ûnder it wedstriidsilen is hy ferstoarn.” seit se dimmen.   

“Hoe lang is dat allyn?” freget er.

“As jo hûndert en fjouwer jier wurde, dan is tiid net wichtich mear, jonge man!”

De helblauwe eagen ljochtsje efkes op…

Print Friendly, PDF & Email
  • 22
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
    22
    Shares
avatar
1 Comment threads
1 Thread replies
1 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
WokkeElske Recent comment authors
  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Elske
Guest

Sjogge jo wolris op de webcam binnenvaart? It is krekt as farre je mei mei it skip.

https://webcam-binnenvaart.nl/

Previous
Leafde hat syn beheindens

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien