Unferskilligens

Ha jo ek in noflike sportbeha foar my?” freegje ik it winkelfrommeske. Hja is oan it stofsûgerjen. Ik herhelje myn fraach noch in kear. Hja sjocht my oan en seit; “Sjoch mar om jo hinne.” en giet fjirder mei har wurk.

Ik gean fuort en gean nei in oare linzjerysaak en stel de selde fraach. “Wat zègt u?” seit se. Ik sis it op nij; “Ha jo ek in sportbeha foar my?” “Sorry,” seit se; “wat zegt u? Ik versta u niet?” It stumper kin gjin Frysk.

Ik gean nei in oare winkel fan underguod. Ik ha my foarnaam krekt sa lang troch te gean dat se my fersteane en  belangstelling toane. De fjirde winkel is it raak. “Kin ik jo helpe?” seit it jonge ding. En mei de krekte maat kom ik thùs. 

Minsken. As jimme wat nedich ha: gean foar it Frysk mar foaral foar in respektfolle behanneling. En mei it jonge ding komt it wol goed: it wurdt in goeie ..

3 Comments on “Unferskilligens

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien