Sùtrich waar

Minsken, minsken wat in triest waar. Je soene er depressief fan wurre.  Stoarmje en reine ,it is waar om de hiele dei ûnder de dûnstekken te krûpen. De tùn dy ik sa kreas er by lizzen hie, is yn in pear dagen feroare yn in woeste nye.  Mar kom op der binne noch genoch positieve dingen  te merkbiten, allinne je moatte it sjen wolle. It earste positieve is binnen, myn freondinne S.MS.te my dat se snein wer thùs komt. Se hat fjouwer wike by har dochter  Mirjam west yn Thailân. Mirjam is trouwd mei in Thai syn namme is Don. Mirjam jout les oan in internasjonale skoalle , se jout les yn  talen sa as  Ingelsk en Thais foar beukers. Mar apart genoch hoecht sy der net diploma’s foar te hebben, se hat derfoar yn`t plak kursesen dyn. sa hat  elts lân syn seden en gebrûken. Lokkich mar. Ik sil hjoed siikje nei mear positieve dingkjes en ljochtpuntsjes want dat makket it libben as in stikje oranjekoeke mei slachremme. Doche jimme ek mei?

One Comment on “Sùtrich waar

  1. Simone en Durk van harte gefeliciteerd met Durk zijn verjaardag. Ik weet dat hij niet van verjaardagen houd maar maak er maar een mooie dag van.
    Durk dasto de kommende jieren it gelok fine meist, en in bytsje sûn bliuwe meiste.

    In tùt en in krûpke fan Deity en Mem.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien