Wat stjonkt it hjirre

“Mem, it stjonkt hjir.” seit er en smyt syn jas op `e  kapstok.

“Wer stjonkt it dan nei?” freegje ik op misledigjende toan.

Nei âlde minsken.” seit er.

“En wat foar rook is dat dan?” freegje ik.

“Muf. As wie der yn dagen gjin mins west.”

En sa sit ik efkes letter in berjochtsje te skriuwen nei de wenningbou. Yn it Frysk fansels want myn ûnderfinings binne dat sy dy earst lêze want dat docht net elkenien .

Yn poètyske taal en mei gripende tekst besykje ik te fertellen wat de krupsje is. “Mem,” seit de soan; “it is gjin stikje foar Mem har blog hear.”  

Mar no ik ienkear op dreef bin, bin ik net te hâlden.

Ik fertel wiidweidich oer de unfrisse lucht dy`t hjir yn ‘e hûs hinget. Wy sels binne al op ûndersyk west. Yn de elektryske kast yn ‘e gong en op ‘e knibbels ûnder it lûk fan de flier. Mar nergens wat fergongkelikens fûn, in rôt as mûs as wat foar bist dan ek.

“Sa,” sis ik; “it berjocht is foart. En no mar ôfwachtsje wat er op komt.”

“Dat wurdt neat.” seit hy; “Want it is bouwfakfakânsje.”

Syn wurden binne amper kâld as de telefoan giet.

“Binne jo aansen thùs?” seit it frommiske fan de wenningbou; “De man dy`t hjir oer giet komt er oan.”

“Nò, nò,” seit de soan; “sokke service ha wy net yn Hollân .

“Mar by ùs wol.” sis ik; “Do bist hjir yn Fryslân.”

“Gewoan faker de kraan rinne litte.” seit de monteur; “Jo binne te sunich mei it troch spielen.”

Wat stjonkt it hjirre …

2 Comments on “Wat stjonkt it hjirre

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien