Glêdens

Naamloos-1

Glêdens wat kin dat alles untregelje. Sikenhûzen dy net operearje koene, ek sa mei brânwacht dy net utrukke koe. En dan de minsken dy net nei hun deistich wurk koene.

En dochs hat it ek syn goeie kanten. Sa as yn ùs  strjitte; gewoanwei swaaie wy nei mekoar mar dermei hâld it op. Mar no wie it oars elkenien stie klear om te helpen.

Twa famkes leine mei harren fyts yn unmacht op `e dyk.  Algauw wienen er lju dy har oerein holpen. De iene auto nei de oare strâne tsjin ùs tùnhek.

Wy eamelden net mar hiene begryp foar de sjauffeurs.

Skoallen dy ticht bleunen ta grutte ferdividaasje fan de bern. We hawwe dat allegearre meinimme kinnen fia de media.

De wrâld sjocht er hjoed-de-dei somstiden hiel beroerd ùt. Mar dochs as it er op oan komt steane wy skouder oan skouder.

Dan kom de ienigens wer boppe wer`t wy altyd as folk bekend om stiene.

Mooglik moat er earst wat barre om dat mienskipsgefoel werom te krijen sa as glêdens

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien