Selsstannigens

Naamloos-2

‘Ik moat stelsstannich wêze,” seit se; “dat hat de soan sein.”

Ik bin op bisite by goed kunde. Se is al op leeftiid mar noch goed by de pinken. Har man is wat âlder en is oan it deminteren. Him kin se neat mear freegje.

“Sa moast ik de meterstannen opjaan mar ik wist net wert ik yn de tsjustere kast wêze moast.” giet se fierder; “Dan mar efkes de soan skilje. Hy joech my geduldich oanwizingen mar it slagge my net.

Dy selde wike hie ik in akkefytsje mei de soarchfersekering. Dy lju dy`t jo oan de telefoan krije hawwe it drok en ha gjin tiid foar âlde minsken.” 

Ik bin lid fan de Anbo mar dy lju binne fremd foar my.

“Doe kaam er foar my in fremde man by de doar. Hy woe wol ùs boekhâlding dwaan sei er. Dat like my net sa goed ta der ha ik gau mei ofweeft.

“Mem moat har sels rêdde. Sa lang mooglik selstannich bliuwe. Ik wol mem bêst helpe mar earst sels besykje dat hâld mem skerp.”

Ik ha mei har te dwaan. Hoefolle âlderen binne er hjoed-de-dei net dy it der dreech mei hawwe?

Selsstannigens …

Hoefier giet soks?

Diele mei:

2 Comments on “Selsstannigens

  1. Selstannigens is in grut guod. Mar wat is der mis mei wat help fan’e bern as it sels net mear goed wol? Ik wit fan myn âlden dat it ek net altyd mear wol, mar dat se ek hiel min help freegje kinne. Gewoan oanbiede en at set wolle, dan is it klear. It is ek net allegearre sa maklik mear mei formulieren ynfullen en beljen, wylst je konstant op nùmmers drukke moatte om nei 10 menuten einlings ien der foar te krijen, dy’t je by einbeslùt net sprekke moatte. Ik doch it mei nocht om’t myn âlden der ek altyd foar my wiene en noch binne.

    • Ek ùs beide soanen stean altyd foar ùs klear. De iene mei de auto en de oare mei de papieren rompslomp. Dochs binne der genoch oaren dy dat net sa foarelkoar ha. Ik kin my lokkich noch sels rêdde , ik bin middenstânner west dan wist it wol.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien