Oanhelje

Naamloos-1Mei in protte leven giet de belle oer. Der stiet in lyts famke op de stûpe. It is ùs buorfamke fan sawat fjouwer jier. Leaf sjocht se der ùt; in ros jurkje mei bypassende skuontsjes.

Mag ik even binnen komen?” freget se.

Wit dyn heit datsto hjir biste?” freegje ik har. “Ja hoor, ik heb het gevraagd.” en rint fuort troch.

We sitte bûtendoar, se jout har noflik del. Se keuvelet hûnderd ùt. Dat mem ferhuze is en sy nei de fekânsje nei in fremde skoalle moat.

Wer giest dan hinne?” freegje ik har. Sûnder haperjen seit se; “Naar Earsterwierrum maar ik ken daar niemand.”

Ik ha mei har te dwaan en sis; “Do krigest der fest gau freondintsjes.

Senuweftich rin ik al es nei it hekje  (‘Soe har heit it wol witte?‘). Ik bin er net gerêst op. En ja hear; dy stiet al ùt te sjen. “Se is hjirre, hear!” rop ik. Pûrlilk is hy op syn dochter en my.

Se hie jo frege.” sis ik. “Nynke!” ropt er lûd; “Meekomen!” en lûkt har rimpen oan `e earm. “Maar ik was bij Omie, hoor!” seit se gûlend.

Heit hat dit wykein de beide famkes en is oerdreaun besoarge. Want sis mar earlik as er wat mei harren barre soe; dan seach hy se fuort net wer.

Oanhelje. It kin hjoeddedei net mear.

Spitich.

One Comment on “Oanhelje

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien