Jierwiksel 2010-2011

troch Posted on 2 Comments 2 min read 2453 views

Sit net yn noed.

Sit net yn noed, wat sill`wy ite of drinke

hoe komt it mei de hier en mei de klean?

Jim moatte net te folle yn `t foar betinke

hâld it mar op in soargeleas bestean.

In libben fol fan kramp en takomstnoeden

kin him dochs nea yn folle fleur ûntjaan

dy bangens komt it lichem net te`n goede

it moat in minske skea en ôfbrek dwaan.

Kom, `t hat gjin doel al yn it foar te kriten

mei soarchlik stinnen komt men ek net klear.

It libben is fan mear belang as `t iten

en klean is moai, mar `t lichem sels is mear.

De fûgels wrotte har de lea net stikken

en wa fan jimme hat sa`n fleurich lot?

hja fine altyd wol wat om te pikken

en ite tankber ùt de hân fan God.

De pinksterblommen bloeie er samar hinne

hja skrippe net en ha gjin swierrichheit

en siz no sels oft hja moaier binne

as Salomo yn al syn hearlikheit?

Tiis net oer dingen dy`t noch stean te kommen

en oer de dei fan moarn, dy `t nimmen ken;

God soarget foar de fûgels en de blommen

en soe er noch net nei jimme sjen?

Jim moatte net jimmer yn è soargen sitte

net altyd freegje; wer giet dit op ta?

Sa dogge heidens dy `t net better witte-

De Hear sjocht wier wol wat jim nedich ha.

Dus jimme, sykje `t earst fan alle dingen

Gods keninkryk en syn gerjochtichheit-

om al it oare hoeg`jim net te twingen

dat wurdt der jim op tajûn fan jimme heit.

De frees foar moarn ûntnimt jim hjoed de frede

en`t jowt jim neat, jim klachten binne om doch;

lear libjen by de dei op Gods genede

en moarn fan `t selde; ien dei is krekt genôch.

Fedde Schurer


Hy is myn favorite  Fryske dichter en dit syn moaiste wurk.

Mankelyk

troch Posted on 2 Comments 1 min read 581 views

Noch in pear dagen en in handstje fol ûren en it âlde jier is foarby. As je der by stilstean wurre jo wat mankelyk. Je ontkomme er net oan om efkes werom te sjen.

"Hat it  ôfrûne jier my brocht wat ik er fan ferwachte hie?" Guon minsken hawwe grutte foarnimmens sa as net mear smoke en net mear drinke. En fansels elts jier wolle in party minsken hun kilo`s kwyt. De wize wer op rint soms de spuigatten ùt. De dieeten fleane jo dizze dagen om 'e earen, de iene is noch  fremder en yngewikkelder as de oare.

Ik ha  ek es in sherrykuer folge. Dat wie my wat. De hiele dei fleurich en blier,  sjongend efter de stofsûger. Tige gol foar negoasjerinners en minsken mei kollektebussen. De winkelman mocht my ek hiel graach. Dochs hat dat dieet mij neat holpen. Allinne wie it de fleurichste kuer dy ik ea hân ha.

As ik sa werom sjoch binne der sawol fertritlike as bliide  mominten west. Fertritlik om minsken dy wy net  misse koene en dochs los litte moasten. Mar ek bliide mominten, sa is it libben:  dea en berte lizze deun byelkoar.

Al mei al bin ik in tankber mins dy ûndanks alles bliid troch it libben giet. Dus  gean ik net allinne "Mankelyk" mar ek mei "Hope"it nye jier temjitte en de lèzers fan myn stikjes winskje ik it selde.

Leafde

troch Posted on 7 Comments 2 min read 757 views

Wat is Leafde?

It falt my op dat yn dizze dagen de media it in protte oer de leafde hat. Doe tocht ik wat is nò eigelik de definysje fan dat wurd. Dit wurdsje wurd ontyglik faak brûkt, te pas en te onpas.

Mar wat betsjut it yn wèzen? Je kinne it net fest pakke en lis it mar ùt oan ien en jo komme er net ùt. Der binne ferskate foarmen fan leafde. Leafde foar minske en bist, leafde foar taal mar ek foar jo hobbys en neam mar op. Mar de leafde  tusken minsken giet soms hiel fier.

Doe ik myn man foar it earst moete sloech de leafde unferbidlik ta. Nachten ha ik wekker lein, ik koe net meer iete noch sliepe. As jo jong binne dan komt dat wol faker foar fansels. Mar dizze foarm fan leafde hie ik noch noait belibbe. Leafde  kin prachtich weze mar ek deadlik en faaks blyn. Ik ha es heard fan in mem dy in soan hie wat in moardner wie. Mar se leauwde it net want se hâld fan him.

Ek binne er gefallen fan ûnbeandwurde leafde der`t in minske tige ungelokkich fan wurde kin. Mar ien ding is wis: leafde sil er altiid bliuwe dy sil net ùt te roeien wèze. Wat er ek barre mei: de leafde  is fan hegerhân yn in minske  festlein.

Want de leafde is sterk as de dea,
de hertstocht is hurd as it deadenryk;

de gloede dèrfan is in fjoergloed
it binne flammen fan de Hear

Wetterstreamen kinne de leafde net dwèste
rivieren kinne har net foartspiele.
Al joech immen syn fermogen foar de leafde,
se soenen him der om ferachtsje.

Witte jimme it nò? Ikke net...

Miljonèrsfair as Itensbank

troch Posted on 0 Comments 1 min read 369 views

Wat sil it dizze dagen foar jimme wèze: de Miljononèrsfair as de Itensbank?

As je it nijs wat folgje is der in protte ferskaat yn de maatskippij. Ha jimme ek it MiljonèrsFair op de televyzje sjûn ? Wer de diamanten fan sa folle tûzenden euro`s oer de bar fleagen? En de froulje hun prachtiche jûpes en kostberre sieraden  tentoan sprieden? It koe net op, de besikers stonden te kringen om yn byld te kommen...

En dan hearre wy om us hinne dat der noch mear itensbanken by komme moatte. Neffens myn ynsjoch geane wy mei elkoar de ferkearde kant op. Ik besiikje altyd optimistisch te bliuwen. Dan hâld ik my sels foar dat  der yn al dy iewen  ferskaat west hat tusken earm en riik. Mar it bliuwt hoe je it ek besjoche tige drôvich.

Ik besiikje mar op myn eigen lytse fjouwerkante meters rekken te hâlden mei myn meiminske.

NB. Ik ha trouwens de itensbanken foar de fûgels wer befoaride. It  binne tankberre iters. Se freegje teminsen net hoe folle gongen it hjoed binne.

Miljonèrsfair as Itensbank

troch Posted on 1 Comment 1 min read 513 views

Wat sil it dizze dagen foar jimme wèze: de Miljononèrsfair as de Itensbank?

As je it nijs wat folgje is der in protte ferskaat yn de maatskippij. Ha jimme ek it MiljonèrsFair op de televyzje sjûn ? Wer de diamanten fan sa folle tûzenden euro`s oer de bar fleagen? En de froulje hun prachtiche jûpes en kostberre sieraden  tentoan sprieden? It koe net op, de besikers stonden te kringen om yn byld te kommen...

En dan hearre wy om us hinne dat der noch mear itensbanken by komme moatte. Neffens myn ynsjoch geane wy mei elkoar de ferkearde kant op. Ik besiikje altyd optimistisch te bliuwen. Dan hâld ik my sels foar dat  der yn al dy iewen  ferskaat west hat tusken earm en riik. Mar it bliuwt hoe je it ek besjoche tige drôvich.

Ik besiikje mar op myn eigen lytse fjouwerkante meters rekken te hâlden mei myn meiminske.

NB. Ik ha trouwens de itensbanken foar de fûgels wer befoaride. It  binne tankberre iters. Se freegje teminsen net hoe folle gongen it hjoed binne.