20-10-1965

20-10-1965 is de datum dat ùs D., us soan,  berne is. Wat wie it dreech om him op ùs wrâld te krijgen. Dû gong hy al syn eigen wei en dat is sa bleaun . In direkte baas boppe him, hâld hy net fan, dat stiet syn kreativiteit yn de wei. Want kreatyf dat is hy, op it med fan ferskeidene dingen.  Wat dat  oanbelanget  hat hy de tiid mei , syn kreativiteityt kin hy no kwyt op it prachtige fenomeen de P.C. En der hat hy ek  syn baan fan makke.

Jonge it giet dy yn dyn fjirdere libben goed, en brûk dyn gaven foar sil dysels  mar ek foar oaren.

In mem dy hiel wiis mei dy is.

Sùtrich waar

Minsken, minsken wat in triest waar. Je soene er depressief fan wurre.  Stoarmje en reine ,it is waar om de hiele dei ûnder de dûnstekken te krûpen. De tùn dy ik sa kreas er by lizzen hie, is yn in pear dagen feroare yn in woeste nye.  Mar kom op der binne noch genoch positieve dingen  te merkbiten, allinne je moatte it sjen wolle. It earste positieve is binnen, myn freondinne S.MS.te my dat se snein wer thùs komt. Se hat fjouwer wike by har dochter  Mirjam west yn Thailân. Mirjam is trouwd mei in Thai syn namme is Don. Mirjam jout les oan in internasjonale skoalle , se jout les yn  talen sa as  Ingelsk en Thais foar beukers. Mar apart genoch hoecht sy der net diploma’s foar te hebben, se hat derfoar yn`t plak kursesen dyn. sa hat  elts lân syn seden en gebrûken. Lokkich mar. Ik sil hjoed siikje nei mear positieve dingkjes en ljochtpuntsjes want dat makket it libben as in stikje oranjekoeke mei slachremme. Doche jimme ek mei?

Fredeshiem

Kinne jimme Fredeshiem wol, it meniste konferinsje hûs by Steenwijk ?  Nò der bin ik juster mei grûp ùt Fryslân hinne west.  It wie in tige slagge dei. Jimme sil wol freechje wat diene jimme dèr ?

Dat sil ik jimme fertelle, it tema wie : wèrom binne wy Menist as Doopsgezind. Dat wit ik trouwens al jierren mar it is goed om dèr meielkoar  oer te discussierjen. It  jier 2011 wurd in feestlik jier foar de menisten, dan ha wy ferskate jubileas te fieren.

  • Wy betinke dat Menno Simons 450 jier allyn stoarn is , hy wie in ontefreden priester ùt Wytmarsum  en sa ûntstiene  de Menisten.
  • Ek 275 jier allyn is it Seminarium yn Amsterdam oprjuchte, der kin je oplieden wurre foar Predikant.
  • It is dan ek 200 jier allyn dat de A.D.S. in oerkûpeljende organisaasje foar de Menisten ûntstien is.
  • Dan is it ek 100 jier allyn dat de earste frou as Dûmny op de kansel stie, en wol ùt Boppe-Knype. In unikum dus.

Sa sjogge jim mar wer de Menisten binne noch fol moed,  en ha de HOOP noch net ferlen.

Wolle jimme mear witte oer dat protsje koppige grûpke minsken, dat Jezus Kristus heech yn hun faandel hat lit it my witte , ik wol der graach mear oer fertelle.

Wokke.

Weitôge

Sneontemoarn, lekker betiid de sted yn te boadskipjen. Prachtich waar, de sinne besyket troch de damp hinne te kommen. Der rin ik yn de iere moarn, gjin mins te bekinnen. Ik tink by mysels: “Sa ûnbefangen en sereen moast it altyd wèze.” Earst mar nei de Super, dan ha ik dat mar hân. En sa al rinnend meitsje ik myn plan. De winkels gean stadich oan iepen, de rekken mei klean wurre op de stoepen set en it personiel groetet my freonlik…  se hope op in goeie omset. Efkes by M.S. lâns as se ek wat aerdichs foar my yn ‘e rekken ha. Nei in freonlik praatsje mei de ferkeapster gean ek wer fjirder.

Dan mar nei de nye mode saek, der slachje ik noch wol ris. Monter gean ik de winkel yn, lekker restich om efkes rûn te sneupen. Dan fal ik op in nyskjirrich pakje, passe en  it is my tige nei it sin. Dalik mar ôfrekkenje, ik gryp nei de beurs mar net te finen. Foart is hy, krekt allyn hie ik him noch yn de hân. Panyk dus mar ik moat de kop erby hâlde. Wat nò? Earst de klean te plak lizze en nei de saken werom, wer ik west ha.

Dan nei de banken want allerearst moatte de pinkaartsjes blokkeard wurre. Wat in gedoch… ik sjoch hielendal net mear nei de opkommende sinne dy oan it wrakseljen is mei de moarns dauwe. Dan nei it plysjeburo mar it plysjefrommeske sei: “Soks doche wy net mear. Gjin tyd  mear foar. Jo moatte nei it gemeentehûs.” Ik toffelje wurch en fertritlik it hiele ein nei it gemeentehûs. Ik gean yn de lange rigele foar de bali stean en sjoch yn tinzen hoe de kriminelen ùs bank plunderje. Nei al myn hebben en hâlden op it papier set te hawwen gean ik nei hûs ta. Myn man had er lokkich alle begrip foar en seit: “It komt wol goed, famke.

Ûnder it pankoek bakken giet de telefoan -de beurs, tink ik- mar it is myn suster. Ik leauw dat ik net sa freunlik wie. We sitte swijend te iten, allegearre ûnder yndruk fan myn avontoer. Yn ienen bliuw ik yn de lèste pankoek stykjen, de telefoan rattelt wer, en der is de beurs. In frommeske had him fûn, yn bliid stean ik har te wurd.  Efkes letter gean wy mei in great bos blommen op in paad.

Yn myn betinken binne der noch hiel wat earlike minsken.

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien