Samar

Mankelyk

troch Posted on 2 Comments 1 min read 256 views

Noch in pear dagen en in handstje fol ûren en it âlde jier is foarby. As je der by stilstean wurre jo wat mankelyk. Je ontkomme er net oan om efkes werom te sjen.

Hat it  ôfrûne jier my brocht wat ik er fan ferwachte hie?” Guon minsken hawwe grutte foarnimmens sa as net mear smoke en net mear drinke. En fansels elts jier wolle in party minsken hun kilo`s kwyt. De wize wer op rint soms de spuigatten ùt. De dieeten fleane jo dizze dagen om ‘e earen, de iene is noch  fremder en yngewikkelder as de oare.

Ik ha  ek es in sherrykuer folge. Dat wie my wat. De hiele dei fleurich en blier,  sjongend efter de stofsûger. Tige gol foar negoasjerinners en minsken mei kollektebussen. De winkelman mocht my ek hiel graach. Dochs hat dat dieet mij neat holpen. Allinne wie it de fleurichste kuer dy ik ea hân ha.

As ik sa werom sjoch binne der sawol fertritlike as bliide  mominten west. Fertritlik om minsken dy wy net  misse koene en dochs los litte moasten. Mar ek bliide mominten, sa is it libben:  dea en berte lizze deun byelkoar.

Al mei al bin ik in tankber mins dy ûndanks alles bliid troch it libben giet. Dus  gean ik net allinne “Mankelyk” mar ek mei “Hope”it nye jier temjitte en de lèzers fan myn stikjes winskje ik it selde.

Miljonèrsfair as Itensbank

troch Posted on 0 Comments 1 min read 158 views

Wat sil it dizze dagen foar jimme wèze: de Miljononèrsfair as de Itensbank?

As je it nijs wat folgje is der in protte ferskaat yn de maatskippij. Ha jimme ek it MiljonèrsFair op de televyzje sjûn ? Wer de diamanten fan sa folle tûzenden euro`s oer de bar fleagen? En de froulje hun prachtiche jûpes en kostberre sieraden  tentoan sprieden? It koe net op, de besikers stonden te kringen om yn byld te kommen…

En dan hearre wy om us hinne dat der noch mear itensbanken by komme moatte. Neffens myn ynsjoch geane wy mei elkoar de ferkearde kant op. Ik besiikje altyd optimistisch te bliuwen. Dan hâld ik my sels foar dat  der yn al dy iewen  ferskaat west hat tusken earm en riik. Mar it bliuwt hoe je it ek besjoche tige drôvich.

Ik besiikje mar op myn eigen lytse fjouwerkante meters rekken te hâlden mei myn meiminske.

NB. Ik ha trouwens de itensbanken foar de fûgels wer befoaride. It  binne tankberre iters. Se freegje teminsen net hoe folle gongen it hjoed binne.

Miljonèrsfair as Itensbank

troch Posted on 1 Comment 1 min read 237 views

Min waar

troch Posted on 1 Comment 1 min read 269 views

Beste minsken,

It is freedtemoarn , ik sit konfertabel achter myn burotsje foar de P.C. Radio Fryslân seit op de eftergrûn dat it striemin  waar wurd. De ferwaarming stiet heech, ik besef my dat dit in lokkich momint is, sa kry je nò ynspiraasje om stikjes te skriuwen , Mar jammer genoch it momint fan rest  duorrit net lang, Max ùs hûn moat der ùt nei in lange nacht wurd dat heech tiid, fynt hy. Amper is hy yn è hûs as syn maat Ollie moat er ek  ùt.

Myn ynspiraasje is foart wat doche wy ek mei Jack Russels, betink ik my. Mar se binne al in grut part fan ùs libben by ùs, it soe  stil en leech wèze as se der net mear wèze soene. En wer moasten wy mei ùs leafde foar bisten hinne, it jowt ynfulling yn ùs libben.

Letter meer…

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien