Samar

Kofjeshop as tsjerke

troch Posted on 1 Comment 1 min read 221 views

Nei de tsjerketsjinst stean ik bûten in sigaretsje te smoken. In minne gewoante, jimme hawwe grut gelyk. Mar dochs hat it dizze sneintemoarn sa wèze moatten, tink ik.

Lyk tsjin oer de tsjerke is in kofjeshop. Wyls ik der stean te smoken sjoch ik hoe in jongkeardel oan de doar ratteld.  Hy hat pech: op sneintemoarn is de shop ticht. Op syn fraach hoenear dy wer iepen giet wiis ik him op de tsjerkedoarren dy ùtnoegjend iepen steane. “Do kryst der ek noch kofje”, siz ik. Efkes letter sjoch ik him tusken de tsjerkegongers sitten drok yn petear -Ingelsk- mei kofje en koeke.

Soe dit net de bedoeling wèze fan iepen tsjerkedoarren ?

[in soan]

Lokkich wèze

troch Posted on 2 Comments 1 min read 327 views

Op de doarmoatte leit de post. In folder fan de steatslottery en in tydskrift. Se lizze as bruorren neist elkoar. Fremd genôch gean sy beide oer lok.

De steatslottery beloovje my mei miljoenen folle lok. Het tydskrift hat it oer geastelik wolbefinen ofwol lokkich file. Wat is lokkich wèze? Yn it wurdboek stiet ûnder lok “slagge wèze yn it libben” Lokkich wèze is sûnder fertriet in gefoel fan grutte tefredenheid. ‘Lok is finaal folslein’ seit it wurdboek enf.

Mar wannear bin jo echt lokkich? Jild makket net echt lokkich mar dochs soe in bytsje mear net… As op syn minst net wat konfortabeler wèze? It slagget de kommersje ùs in skriemend ferlet oan te praten. De reklame spilet der handich op yn om foaral net achter te bliuwen. Spegelt ùs foar dat ùs gefoelens fan ûnbehagen ferdwine as wy earst mar it produkt – X – yn ùs besit hawwe.

Hat lok mei wolfeart, mei wolwèzen, mei gefoel as mei leauwen te meitsjen? Wylts eltsenien alles liket te keapjen is der in krapte ûntstien yn wolbefinen.

Binne wy yn wèzen wol lokkich as wy alles op è rails ha? Ik bin er noch lang net ùt… Jo wol ?

De Lege Knip

troch Posted on 2 Comments 2 min read 275 views

‘Ha jo ek kralen?’ freget in man oan it frommiske achter de kassa. ‘Nè’ , seit se, ‘Jo moatte sels mar sneupe.’ Efkes letter stiet er in mem mei in soan foar de toanbank. De jonge wol perfoarst alles wat glès is opkeapje. De mem is er eagenskynlik wat mei oan mar wol gjin heisa en glimket wat. De jonge hâld fol en lit him net omprate. In frommiske ùt in oar lân is dan oan bar, hja hat in pear kopkes en pantsjes yn e hân. Hja wol perfoarst de selde mar dan tolve. Ik stean yn ‘e rigele foar de kassa. Suffert… ik lit de iene nei de oare foar gean.

Ik ha thùs yn de wenkeamer in hoekje foar my sels kreèarre. Siz no earlik: wat is dat nò moai in plakje foar jo sels?

De kompjûter en de printer moast fan boppen nei ûnderen ferhûzje. Myn man skodde al mei de holle; wat fynt se nò wer ùt. Nei in protte gedoch stiet alles sa ik it hawwe wol. Mar yn it hoekje kin noch wol in plat smel kastje stean, dan kin der de printer op. Sa belânne ik yn De Lege Knip.  Myn soan woe wol ride ûnder ien betinkst: hy woe net de auto fol mei rimram en tuchguod. Ik tocht, dat falt wol mei as ik him mar ien kear mei ha (ek om de auto fansels)

Mar dan komt de problematyk; ik hâld fan minsken. As ik sa tusken de minsken stean ferjit ik wer ik foar kaam bin en lit de iene nei de oare foar gean. Siz nò sels wat is er nò boeiender dan minsken? Net ien is it selde. Wy hawwe it kastje fûn en it past krekt yn syn auto mar ek yn myn hoekje. Allinne de kompjûter ferekt it mei de printer gear te wurkjen.

Foar dat wy de doar achter ùs ticht lûke sjoch ik noch krekt hoe de man fan de kralen en de man fan de glèzen tegearre stean te praten. Soene hja it oer it glès ha as oer de kralen as oer glèzen kralen?


De brêgewachter

troch Posted on 5 Comments 1 min read 322 views

In soan fan ùs hat hiel lang brêgewachter -wipper- west op ferskate brêgen yn Fryslân. Prachtig wurk fûn hy dat. Direkt kontakt mei minsken. Ien brêge wie syn favoryt. Dat wie in brêge wert wol gauris skûtsjeskippers lâns kamen. Dy ferfierden dan fean en tûnmodder. Se kamen dan altiid efkes by him om in praatsje en in bakje kofje. Troch dat sy geregeldwei by him lâns kamen ontstie er in sekere freonskip. Der waart him fan alles ta betrouwd. Hùshâldelike problemen thùs as bygelyks it ferlies fan in bern. Mar as it wurk ôfrûn wie bleunen de ferhalen yn it brègehokje achter, dat wie de ôfspraak.

Hoe folle moaie beroppen binne sa net ferdwûn.

Nim nò bygelyks de wyksuster dy elke bewenner fan har omkriten koe. De molkkarre dy alle dagen lâns kaam mei syn boekje. De plysje dy yn it doarp wenne. De man fan de fersekeringen en de hûshier; sy kamen eltse moanne lâns. Om dan mar oer de postbode te swijen… wat koe dy eltsenien. Hy sei gewoan tsjin myn mem:”Jo krye moarn in iter..” Dat hie hy al fèst mar lèzen.

Mar jimme witte grif wol mear beroppen fan eartiids. Se binne allegearre foart, de sosjaale earmoede kaam der foar yn `t plak.

Dizze minsken fan eartiids binne de pylders fan ùs bestean.

Ferjit se net!

~Heabrêge~

Smoke

troch Posted on 2 Comments 2 min read 263 views

Binne jo ek in smoker? Ik moat it earlik ta sizze: ja. Mar sa as elke ferslave siz ik:  ja, hò es  efkes, ik bin mar in smoute smoker. Mei oare wurden it hat neat om ‘e hakken. Sa folle smook ik net.

Mar wat my it measte dwers sit is it kommentaar fan de minsken om my hinne. Ha jimme dat nò ek? Min kin gjin oanrin krye as der komt in warskôging: hoe min it smoken is en hoe gefaarlik. Fan it selde lekken in pak  is it mei de drank. Sa gastfrij as ik bin bied ik  minsken wol ris in wyntsje oan. Ek dan komt er in warskôwing dat drank sa ferwoastent wèze kin.

As ik mei ùs Jack-Russels te rinnen gean sjoche se my nei en dan fiel ik de ferwitende eagen: soe sy de stront fan har hûnen wol oprakke?  Wat is dat toch dat minsken sa op elkoar passe moatte?

Myn reaksje is dan faaks, it is myn saak it is myn libben ik doch wat ik doch.

Ik lit in oar ek frij. De minsken om my hinne mei dwaan en litte wat se wolle it is hun eigen ferantwurdlikens. Fansels is alles sûnder mjitte net goed. Te folle smoke, ite as drinke, dat is ferkeard. Dat witte wy allegearre wol. Mar soene wy net better mear om elkoar bekrooadzje moatte dan te beskoalmasterjen?

Wy hiene thùs in piperekje mei de tekst: Een tevreden roker is geen onruststoker. En ien mei:  In vermaak of verdriet vergeet uw pijpje niet.

En as it skimerich waart smoke myn heit in pipe, myn pake naam in prûmke tabak. Dat wiene noch es tiden. Wat wisten hja fan miljeu as sûnens……..

Tja. “Tiden hawwe tiden” …

Memmetaal

troch Posted on 1 Comment 2 min read 290 views

Wat is jimme taal? Is dat Frysk? As prate jimme Nederlânsk?

Myn bertetaal is Frysk en der bin ik grutsk op. Werom? Dû ik berne waard sei myn mem: “Wat binne wy bliid mei  dy”.  Dû de grutte leafde yn myn libben kaam sei hy: “Ik hâld fan dy”. Dû myn heit stoar wiene syn lèste wurden; “Jjimme binne alles foar my”. Dû myn mem demint waard koe se allinne yn har berte taal kommunisearje.

En as it earste wurdsje Mem  is...

Wer kinne jo je gefoelens better ynkwyt as yn je memmetaal? Jo emoasjes, fertriet, blidens mar ek jo lilkens… dat kin allegearre yn jin berte taal.  En siz nò sels; yn net ien taal klinkt Heit en Mem as Pake en Beppe sa moai as yn it Frysk!

Mar ik meitsje my soargen oer ùs taal. By de basisskoallen krye de bern gjin Fryske taalles mear, de gemeenten hat er gjin jild mear foaroer. Jonge âlders, berne yn fryslân, prate mei hun bern Hollânsk. Se binne bang dat hun bern achter bleauwe yn hun ûntwikkeling. Fan it selde praat de juffer op de beukerskoalle Hollânsk omdat er ferskate bern ùt in oar lân komme. Dochs is myn miening: lear se twa talen, dit is nò hun Heitelân. Myn bern hawwe  goed frysk leart wylds se mei oare talen yn oanrekken kamen.

In sikenhûs yn Fryslân nimt allinne personiel oan dy`t Frysk prate as in kursus Frysk dwaan wolle by Afuk. Dea en libben  lizze ommers deun byelkoar.

Tink om dyn Fryske woartels… do wost se dochs nea ferleagenje!

 


WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien