Samar

“Prettig Weekend…”

troch Posted on 2 Comments 2 min read 322 views

Ik stean yn in lange rige wachtsjende minsken foar de kassa fan in grutte supermerk. It is woansdeitemoarn. Ik tocht, ik moat der mar betiid  by wèze dan is er noch gjin mins. Mar ik ha my fersint: sa ha mear minsken tocht.

Fannemoarn ha se de tiid, it sjit net op. Ferskate memmen ha lytse bern yn ‘e winkelkarre sitten en noch kin dat lytsguod by it snobbersguod. Dat sil ek wol de bedoeling fan de eigner wèze tink ik. En dan stean foar my in pear âlde minsken mei ôfladen rollaters. Je kinne merkbite se kinne mekoar. Se begjinne tsjin elkoar oer it waar en wat se yn it tehûs te iten krye.

It begjint my yn te baarnen; ik ha hjoed mear te dwaan. En it iten wurd noch net by my thus besoarge. Der stiet in âldere man foar my. Ik begjin in praatsje mei him mar hy seit net folle werom. De man hat myn oandacht, wèrom wit ik net. Hy stiet er wat triest by mei de holle foardel.

Dan hear ik dat de kassjêre seit; “Prettig weekend, mynhear!

Yn ienen seit er fèl: “Dat sil net barre want ik ha juster myn frou te hôf brocht…”

Der rint er hinne, de kassjère ferbjustere efterlittent. It grypt my oan, wat wit ik nò fan al dy minsken om my hinne? Ik ferjit ôf te rekkenjen. Ik siz noch tsjin de kassjère: “It is noch mar woansdei, hear; it weekein is noch fier foart.

Hjoed binne myn tinzen by de man. Wer soe d`r wenje?

Oanpasse

troch Posted on 1 Comment 1 min read 275 views

Dû ik yn it houliksboatsje stapte sei de omjouwing:”Do moast dy oanpasse.” “Oanpasse?” tocht ik; “Wat is dat? Moat ik nò in oaren ien wurre?” Ik hie der gjin benul fan wa ik dan wèze moast. Hja betsjutten wat yn de maatskippy en op it sosjale med hiene hja wat yn te bringen. Dus ik die myn ùterste best om in oaren ien te wèzen en der by te hearren. Ik wie in kamelion wurren. Ik paste my oan, prate en bewege my sa as fan my ferwachte waard. Mar ik wie net de persoan dy ik altiid west hie. En as jo net jo sels wèze kinne binne je ek net gelokkich.

It libben hat my leard om te wèzen sa as ik bin. Ik bin dy ik bin en der is mar ien fan.

Myn rie is dan ek: bliuw altiid tichte by dy sels, der komst it fjirste mei.

Leger des Heils

troch Posted on 2 Comments 1 min read 321 views

De wite slûffe fan it Leger des Heils leit wer op de doarmatte. Se fine dat ik myn kleankast opromje moat. Eltse maitiid sette se my wer foar it blok.

Ik ha wat mei it leger. Se doche sa safolle goeds foar minsken dy it minder ha as ik, dat ik my altiid skuldich fiel. It ienichste wat ik dwaan kin is kleankasten leechhelje. Mar dan komt it; ik liz op è knibbels foar de kast. De hiele brot moat er mar ùt en dan skiftsje. It iene kleanstik nei it oare giet troch myn hannen. Elk hat syn ferhaal; dat blûske ha ik droegen mei in brulloft en dy trui krige ik fan in dierbre freondinne.

Nei in skoft sjoch ik dat alles wer netsjes yn de kast leit. Mar dy sek dan fan it Leger, dy leit fergetten earne op ‘e grûn. Dan mar nei myn man syn kleankast, der leit fest wol wat yn. Hy is net san ien fan de lèste mode en trants hat hy gjin weet fan. Op it ein fan de moarn stiet de sek op ‘e stoepe. Ik ha in foldien gefoel want ik ha dochs wat foar myn meiminske dien.

“Wer is myn âlde broek en dy noflike trui?” ropt myn man. Moast mar goed siikje”, siz ik; “Do list altiid alles slingerje…

Foto: ANP/Parool

In bliid minskebern

troch Posted on 0 Comments 1 min read 237 views

We hawwe besite hân fan in freon dy wy al hjirren kinne. Altiid gesellich, we hawwe hiel wat te bepraten. Mar it praat wurd dreger. Hoe langer hy bliuwt, hoe swieder it  petear wurd.

It giet oer hoe dreech de âlde minsken it tsjintwurrich ha. Oer de fersjennings foar âlderen en hoe djûr as alles wurden is. Sa giet it petear fjirder en it wurd al swier setteger. Lang om let gryp ik yn; ik kin it net mear oanhearre. Ik begjin op te somjen hoe goed as wy it hawwe yn ùs lân. Ien ding ha ik ôfgryslik de pest oan: negativisme.

Myn man wol ek noch wol ris dy kant ùt skeie as hy foar it sjoernaal sit. Mar ik gean net mei; ik ferpof it. It falt net altiid mei fansels as alles je tsjin sit. Mar dochs besiikje ik tsjin alles yn posityf te bliuwe. Ik sjoch mar nei de lytse dingen om my hinne. Sa as ùs fûgelhokjes dy wer bewenne binne en it jonge grien komt ek al wer ùt de grûn. Ik nim my foar een in bliid minskebern te bliuwen, wat se ek om my hinne sizze.

Wez in sinnestriel in oar hat er ferlet fan, witte  jim noch

Nei mem ta

troch Posted on 3 Comments 2 min read 321 views

“Ik wol nei mem ta”, seit de man en hy lûkt en skoart oan de kruk fan de doar.

Myn suster en ik binne op besite yn in ferpleechhûs foar deminte alderen. In pear jier allyn waart ùs mem opnaam, se koe har net mear allinne rêde. Ùt har sels wie sy in humorist, altiid wille en gek dwaan. Mar doe sy stadich oan demint waart wie se lilk en opstinaat. Sa kaam sy yn it ferpleechhûs telânne en mei de juste behândeling en medikaminten kaam stadich de humor werom.

Der wie in romme hûskeamer mei in grutte iet tafel en stuollen.  Manlju sawol froulju siten der omhinne. De iene wie oan it breidzjen en in oaren ien oan it printsjes besjen, it grutste part stoarre foar him ùt. Mar ùs mem wie op dreef: se fertelde de iene mop nei de oare. Se helle se wol wat troch elkoar mar net ien fûn it slim.

In frou rôp hieltyd om in suster, sawol yn it Ingelsk, Fransk as Spaansk. De suster fertelde my;  dat sy mei har man yn de horeka sitten hiene yn ferskate lânnen. Wol demint mar de fremde talen bleunen. In âld wyfke krige nea besite, se hie wol acht bern mar ik ha nea in bern sjoen. Der wie ek in âld leraar, syn libben lang hie hy les jûn en nò wiene de âlde minsken syn leerlingen. Stilte rôp er hieltiid en sloech mei de fûst op de tafel mar net ien harke. En de bakker ùt Oerterp suteld noch alle dagen mei bôle, mar hat  gjin klanten mear…….  Wat binne minsken dochs boeiend…

De man by de doar wol noch hieltyd nei syn mem ta. Koe ik him mar helpe.


Neibyld: Mark Miller, Reuters

Prelude

troch Posted on 0 Comments 1 min read 302 views

It is wer sneintemoarn. De muzyk fan radio Fryslân galmet troch de keamer. Fan acht oan`t njoggen oere is er eltse sneintemoarn ‘Prelude’ -in yntertsjerkelik geastelik musyk programma- ûnder lieding fan Rein Tolsma.

It is in fersyk programma wer`t minsken oeral wei hun sibben en freonen lokwinskje kinne. Sa wol mei in lied as in musyknûmmer in hert ûnder de riem stekke kinne. Dan is er  in koarte oertinking troch in libbenskôglike gast.

Ek dizze skriuwster mocht in pear kear de koarte oertinking fersoargje. It is noch knap dreech om yn koarte tiid te sizzen wat jo leauwen ynhâld en wer`t de harkers ek noch wat oan hawwe.

Prelude is in nyskjirriche ùtsending wer`t in protte nei harke wurd yn Fryslân en der bûten. Dat it noch lang yn de loft bliuwe mei, is de winsk fan in soart harkers.

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien