Op stap

Fjouwer ieuwen Oranje-Nassau

troch Posted on 1 Comment 1 min read 341 views

Juster mei in freon nei de tentoanstelling west yn it Princessehof  yn Ljouwert.

Der wie in gearstâlling fan keramische potten en pannen, dy makke wiene nei oanlieding fan festiviteiten rûn de Oranjes. De konsevator rûn mei ùs de skienis troch fan fjouwer ieuwen Oranjes. Tige boeiend en hiel nysgjirrich, wat wit ik no bygelyks fan disse Oranje femylje?

Nei dat wy disse eksposiesje besjûn hiene, waarden wy ùt noege foar in lunch yn “De Koperen Tùn“.

Dèrnei wie er in stèdskuier lâns de âlde gebouwen ùt de skiednis fan ôf 16 hûnderd. We hawwe ûnder oaren de Synagoge besjoen, en ûnwillekeurich giet dan troch je hinne dat der 500 joden yn dizze stèd wenne ha, en wat is der nò fan oer?

In musyk en teaterskoalle sit er yn,  ha war  “tiden hawwe tiden” mar dochs docht it noch sear as wy oan dy tiid werom tinke. Fjirder geane we lâns de Âldehou en it yndrukwekkende stèdshûs, sa is er noch folle mear, mar it soe tefolle wurre foar dit ferslach.

Ik soe sizze doch it es, it is de muoite wurch. Wy moatte dochs  mear witte fan ùs rike ferline, dan wurd it ek wat dùdliker wèrom it hjoed sa is, sa as it is.

Op it ein fan dizze dei smakke de pizza en de reade wyn wûnderbaarlik goed.

Beurs

troch Posted on 3 Comments 1 min read 341 views

Juster de hiele dei op de beurs stien yn Gorinchem. It wie in “Creadû” beurs.

Der stiene allegearre stânhâlders mei ansichtkaarten en mei materiaal wat der by heard. En dat is noch al wat, sy docht it no al in pear jier en de techniken fan it kaarten meitsjen is yn de rin fan de jierren ek enorm foar ùt gien. Yngewikkelde skjirren lûpen en aperaten  leine op de kream, ik ha der hielendâl gjin ferstân fan, mar ik die krekt as wist ik der alles fan.

We ha best ferkocht, mar it dreechste wie it ein riden fan Tsjâlberd nei Gorinchem, en foar har trye dagen lang. Mar hândel is hândel, en dat is har bestean. Hjoed is it snein en kin ik noflik bekomme.

Beurs

troch Posted on 0 Comments 1 min read 252 views

Juster de hiele dei op de beurs stien yn Gorinchem. It wie in “Creadû” beurs.

Der stiene allegearre stânhâlders mei ansichtkaarten en mei materiaal wat der by heard. En dat is noch al wat, sy docht it no al in pear jier en de techniken fan it kaarten meitsjen is yn de rin fan de jierren ek enorm foar ùt gien. Yngewikkelde skjirren lûpen en aperaten  leine op de kream, ik ha der hielendâl gjin ferstân fan, mar ik die krekt as wist ik der alles fan.

We ha best ferkocht, mar it dreechste wie it ein riden fan Tsjâlberd nei Gorinchem, en foar har trye dagen lang. Mar hândel is hândel, en dat is har bestean. Hjoed is it snein en kin ik noflik bekomme.

Weitôge

troch Posted on 5 Comments 2 min read 425 views

Sneontemoarn, lekker betiid de sted yn te boadskipjen. Prachtich waar, de sinne besyket troch de damp hinne te kommen. Der rin ik yn de iere moarn, gjin mins te bekinnen. Ik tink by mysels: “Sa ûnbefangen en sereen moast it altyd wèze.” Earst mar nei de Super, dan ha ik dat mar hân. En sa al rinnend meitsje ik myn plan. De winkels gean stadich oan iepen, de rekken mei klean wurre op de stoepen set en it personiel groetet my freonlik…  se hope op in goeie omset. Efkes by M.S. lâns as se ek wat aerdichs foar my yn ‘e rekken ha. Nei in freonlik praatsje mei de ferkeapster gean ek wer fjirder.

Dan mar nei de nye mode saek, der slachje ik noch wol ris. Monter gean ik de winkel yn, lekker restich om efkes rûn te sneupen. Dan fal ik op in nyskjirrich pakje, passe en  it is my tige nei it sin. Dalik mar ôfrekkenje, ik gryp nei de beurs mar net te finen. Foart is hy, krekt allyn hie ik him noch yn de hân. Panyk dus mar ik moat de kop erby hâlde. Wat nò? Earst de klean te plak lizze en nei de saken werom, wer ik west ha.

Dan nei de banken want allerearst moatte de pinkaartsjes blokkeard wurre. Wat in gedoch… ik sjoch hielendal net mear nei de opkommende sinne dy oan it wrakseljen is mei de moarns dauwe. Dan nei it plysjeburo mar it plysjefrommeske sei: “Soks doche wy net mear. Gjin tyd  mear foar. Jo moatte nei it gemeentehûs.” Ik toffelje wurch en fertritlik it hiele ein nei it gemeentehûs. Ik gean yn de lange rigele foar de bali stean en sjoch yn tinzen hoe de kriminelen ùs bank plunderje. Nei al myn hebben en hâlden op it papier set te hawwen gean ik nei hûs ta. Myn man had er lokkich alle begrip foar en seit: “It komt wol goed, famke.

Ûnder it pankoek bakken giet de telefoan -de beurs, tink ik- mar it is myn suster. Ik leauw dat ik net sa freunlik wie. We sitte swijend te iten, allegearre ûnder yndruk fan myn avontoer. Yn ienen bliuw ik yn de lèste pankoek stykjen, de telefoan rattelt wer, en der is de beurs. In frommeske had him fûn, yn bliid stean ik har te wurd.  Efkes letter gean wy mei in great bos blommen op in paad.

Yn myn betinken binne der noch hiel wat earlike minsken.

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien