Minsken

Fjirdepartsje brèa

troch Posted on 1 Comment 1 min read 163 views
Fedde Schurer
Fedde Schurer

Der stiet in grutte brede man foar my mei in hiel bosk wyld griis hier. Hy benimt my it hiele  ùtsicht. Ik stean yn in bakkerswinkel te wachtsjen. De winkel stiet grotfol mei  klanten. Doe destiids,  koene jo noch gjin nûmerke lûke.

In jong ding stiet achter de toanbank en docht o sa har best. Dan is de grutte grize man oan bar. Hy seit mei  in swiere stimme wat hielendal by syn lea past: “Ik wol in sniend fjirde partsje brea“. Se sjocht him ûnnoazel oan en begrypt him net.

Dan seit hy it noch ris; “Ik wol in sniend fjirde partsje brea…

Der komt reuring ûnder de wachtsjende klanten mar hy hâld fol. Ik bin hielendal net hastich mear. Ik fyn it geweldich dat ien sa op syn strepen stiet en him net ôfliede lit troch fûterjende minsken. Nei dat hy it noch ris sein hat seit hy tsjin it ferbouwerearre fanke; “Iet it sels mar op” en foart wie der. Dat byld fan dizze yndrukwekkende figuer stiet my noch dùdlik foar de geast.

Dy man mei syn ymposant postuur en wyld bosk hier wie Fedde Schurer, dichter en skriuwer  fan Fryslân. De bewûndering foar dizze man is doe des tiids ûnstean en troch de tiid allinne mar oanboaze.

 

Sjoch ek: Jierwiksel 2010-2011

Taksyferfier

troch Posted on 0 Comments 2 min read 146 views

De taksysjauffeur seit tsjin my dat hy noch nei it sikenhûs moat op bisite. Op myn fraach as it  earnstich is skothollet hy. “Myn frou hat M.S. en hat er boarstkanker by krige. Se hat hege koarts in onstekking is er by kaam.” Op myn fraach as hy him wat redde kin seit er; “Ik ha noch in dochter thùs mar dy bern ha ek hun eigen libben.” Ik ha mei de man te dwaan. Hy liket  my o sa iensum. “Sterkte”, siz ik. In ôfsage sizwize, ik wit it, mar wat moat ik oars ?

Wy, myn man en ik, ha taksyferfier. In prachtige ùtfining fan doar tot doar. Ùtfûn troch de gemeente wer`t wy wenje.  Sa litte wy ùs ride troch ferskate sjaufeurs. Sawol froulju as manlju , jong as âld in dieltiidbaan as fèst yn `t tsjinst. En sa ha ik al hiel wat minsken kinnen leard. En omdat it minske my altiid yn de besnying hâld begjin ik by Dokkum om mei in praatsje. En de measten wurdearje dat; dat der ien is dy`t interesse hat foar hun persoanlik dwaan en litten. Sommige froulju fertelle my dat sy dit baantsje er by doche om de bern studearje te litten. As ik  hja letter tref ferteld sy my grutsk dat de soan “cum laude” slagge is. En dan bin ik bliid foar har. Sy hat er hiel wat ritsjes mei de taksy foar oer ha moatten.

Dizze taksy ûndernimmer hat wol oer de hûnderd sjaufeurs. Ik moat noch hiel wat ritsjes meitsje om it minske achter de sjaufeu(r)(se) kinne te learen…

“Wer sille wy moarn hinne?”, freegje ik myn man? Hy sjocht my fremd oan; wol se al wer foart!


Fyftsjin minùten

troch Posted on 2 Comments 2 min read 265 views

‘Jo hawwe fyftsjin minùten foar in kontrôlebeurt mefrou en dan ek noch oer twa moanne…’ ; seit de toskedoktersassistinte. Ik sei noch; ‘Mei ik him dan wol moarn sizze en efkes nei syn sûnens freegje?’ It kommentaar wie; ‘As it mar by dy fyftsjen minùten bliuwd.’

By de hùsdokter is it noch slimmer, der krye jo tsien minùten. En as min mei in probleemke sit oer je sûnens en sa, dan wit de assistinte der wol rie mei. Dy froulju binne heale dokters wurren, wat soe hun studzje wèze? In hûsdokter komt net mear oan hûs, as der moat immen stoarn wèze om fèst te stellen dat de persoan echt dea is. Wol min graach in dûmny ha dan komt der in pastorale wurker (neat mis mei). It stikt tsjintwurrich fan de help ferliners mar wer binne de professjenels dy der safolle jirren foar studearje hawwe? Wer is it idealisme fan san berop as ambt bleun?

Ik wol net sinysk wèze, dat leit my net. En boppe dat ik ha in hiel aerdich hûsdokter en dûmny. Ik wol perfoarst begrip ha foar dit soart minsken. Miskien woene hja sels ek wol oars. Mar ik tink dat in dokter de measte fan syn pasjinten net iens kin as ea sjoen hat. ‘Goed teken’ sille jimme sizze en dat is ek sa want dan binne  jo goed sûn. Mar dochs wol ik witte wat foar man by myn bed stiet want as ik dea bin ha ik der gjin weet mear fan.

Mar it moat wol  binnen de tsjien minùten bliuwe fansels. En de toskedokter hat er wer fyftsjin minùten by kryge. Wer fan akte…


De brêgewachter

troch Posted on 5 Comments 1 min read 236 views

In soan fan ùs hat hiel lang brêgewachter -wipper- west op ferskate brêgen yn Fryslân. Prachtig wurk fûn hy dat. Direkt kontakt mei minsken. Ien brêge wie syn favoryt. Dat wie in brêge wert wol gauris skûtsjeskippers lâns kamen. Dy ferfierden dan fean en tûnmodder. Se kamen dan altiid efkes by him om in praatsje en in bakje kofje. Troch dat sy geregeldwei by him lâns kamen ontstie er in sekere freonskip. Der waart him fan alles ta betrouwd. Hùshâldelike problemen thùs as bygelyks it ferlies fan in bern. Mar as it wurk ôfrûn wie bleunen de ferhalen yn it brègehokje achter, dat wie de ôfspraak.

Hoe folle moaie beroppen binne sa net ferdwûn.

Nim nò bygelyks de wyksuster dy elke bewenner fan har omkriten koe. De molkkarre dy alle dagen lâns kaam mei syn boekje. De plysje dy yn it doarp wenne. De man fan de fersekeringen en de hûshier; sy kamen eltse moanne lâns. Om dan mar oer de postbode te swijen… wat koe dy eltsenien. Hy sei gewoan tsjin myn mem:”Jo krye moarn in iter..” Dat hie hy al fèst mar lèzen.

Mar jimme witte grif wol mear beroppen fan eartiids. Se binne allegearre foart, de sosjaale earmoede kaam der foar yn `t plak.

Dizze minsken fan eartiids binne de pylders fan ùs bestean.

Ferjit se net!

~Heabrêge~

Myn winkel | trije

troch Posted on 4 Comments 2 min read 280 views

Beste minsken, ik ha jimme ûnthjitten dat ik noch ris werom komme soe  mei de skiednis fan myn winkel.

Twa keer is er ynbrutsen. Se hiene in rùtsje by de doar ynslein. Wat my opfoel tusken de rafaazje fan klean, glès en wat net al, misten wy by de broeken allinne maat 38. Dus it wie in behindich persoan.

Nei dat ik wat bekaam wie  en de saak opredden hie tocht ik: “Wa soe dat nò west ha?”

Einliks docht my it stellen guod neat mar ik bin  mear nijskjirrich nei it minske der achter. “Werom docht san minske dat? Is de need sa heech as is it de spanning?”

Mar it kin ek op in oare manier.

Nei dat ik krekt iepen gong wie, kaam er in kreas jong frommeske yn de winkel. Op it earste gesicht neat oan te sjen.

Mar troch ûnderfining fielde ik dat dit mûzen hie.

Se stie by de djûdere klean en koe net ùt de rie komme. Der kamen mear klanten mar ik hâld har yn de gaten.

Yn ‘ e drokte soe se de doar ùt. Doe sei ik tsjin har: “Wat jo efter jo jas ha, wolle jo dat wol efkes ôfrekkenje?”

It wie in grutte gok mar myn gefoel sei: “Dwaan”. Onder fûl protest dy se de jas iepen en ja hjer; der kaam fan alles ûnderwei.

Foar dat ik bekaam wie, wie se alwer ûnderweis nei in oare winkel tink ik. Der binne minsken dy ha hun berop der fan makke.

In oare kear bin ik bedriege mei in grut mes troch in jonge Marokkaan ljocht tinte jongfeint, en as er net in freondinne efter de kassa sitten hie, wie ik d`r oan gien.

Letter is hy fermoarde troch syn eigen suster dus it wie gjin brave broeder.

Och ja,  sa kin ik noch wol mear fertelle mar dat komt letter wol wer.

It hat in prachtige moaie tiid west mar soms wol es wat dreech.
Mar ik hâld  fan minsken en dat skeelt.

Myn winkel ien | twa | trije

Myn winkel | twa

troch Posted on 3 Comments 2 min read 214 views

Ik ha jimme tasein dat ik noch wat fertelle soe oer de hjirren fan ‘myn winkel 

As min yn in winkel stiet, mar foarâl as it in ienmansbedriuw is, dan binne klanten gau thùs mei je. En as it dan “klikt” dan wurre minsken iepen en betrouwe jin persoanlike saken ta. En dat wie by my betrouwt, sa wie it fan beide kanten, tink ik.

Op in moarn doe ik krekt ypen wie, kaam er in jonge man yn de winkel. Hy hie in in doaze mei gebak yn ‘e hân en frege my as ik de kofje klear hie. Ik sei;  “Altiid.” Hy fertelde my dat hy ùt it sikenhûs kaam en dat syn frou dy nacht in bern kryge hie. En nò moast hy dat fiere  en er oer fertelle. In grutske heit en der hie ik hoe drok ik it ek hie alle begrip foar.

Op in oare dei kaam er in kreaze jonge man yn de winkel, ik hie it gefoel dat ik him earne fan koe mar koe him net thùs bringe.

Doe hy oan bar wie sei hy; “Ik wachtsje wol efkes.” Ik fernaam dat hy de leste klant weze woe.

Doe ik him frege nei dat eltsenien foart wie as ik him helpe koe, sei er; “Ik ha wat goed te meitsjen. Hjir is in slûfke mei jild, dat ha ik eartiids ùt jo kassa helle. Ik bin feroare. Ik bin Kristen wurren en no wol ik alles wat ik dû stellen ha werom jaan. Boppedat sil ik de minsken freegje as se my ferjaan wolle.”

Ik ha begrepen dat hy nei noch nei in hiel soart minsken ta moast en it gie net allinne om in pear tûzend gûne.

Grut respekt ha ik foar him krige, de dei koe by my net mear stikken.

En sa kin ik wol troch gean mei ferhalen. Ik moat leauw ik mar in boek skriuwe oer de tiid fan ‘myn winkel’.

Letter mear.

Myn winkel ien | twa | trije

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien