Minsken

In bliid minskebern

troch Posted on 0 Comments 1 min read 188 views

We hawwe besite hân fan in freon dy wy al hjirren kinne. Altiid gesellich, we hawwe hiel wat te bepraten. Mar it praat wurd dreger. Hoe langer hy bliuwt, hoe swieder it  petear wurd.

It giet oer hoe dreech de âlde minsken it tsjintwurrich ha. Oer de fersjennings foar âlderen en hoe djûr as alles wurden is. Sa giet it petear fjirder en it wurd al swier setteger. Lang om let gryp ik yn; ik kin it net mear oanhearre. Ik begjin op te somjen hoe goed as wy it hawwe yn ùs lân. Ien ding ha ik ôfgryslik de pest oan: negativisme.

Myn man wol ek noch wol ris dy kant ùt skeie as hy foar it sjoernaal sit. Mar ik gean net mei; ik ferpof it. It falt net altiid mei fansels as alles je tsjin sit. Mar dochs besiikje ik tsjin alles yn posityf te bliuwe. Ik sjoch mar nei de lytse dingen om my hinne. Sa as ùs fûgelhokjes dy wer bewenne binne en it jonge grien komt ek al wer ùt de grûn. Ik nim my foar een in bliid minskebern te bliuwen, wat se ek om my hinne sizze.

Wez in sinnestriel in oar hat er ferlet fan, witte  jim noch

De Bân

troch Posted on 0 Comments 1 min read 161 views

Der sitte wy dan mei sân man om de tafel. Ien kear yn ‘e moanne binne wy  drok dwaande mei it tsjerkeblèdsje. It is klearebarre frijwilligerswurk. Dizze minsken binne dan ek allegearre yn de ‘fut’.

De iene is oan it nietsjen en de oaren binne oan it tearen. It is in bûnt selsskip fan froulje en manlju. Der sit in âld hushâldskoalle learares by, in haad fan in basis skoalle, in âld direkteur fan in suvelfebryk, in ex dûmny en dan ien ùt de horeka en in lytse selsstannige.

Wylts wy sa dwaande binne wurd er fan alles bepraat en wiidweidich behândele. De ien besjocht it sa en de oare sa. De tsûnami  yn Japan, Libië mar ek de wrâldpolityk: fan alles giet oer de tafel. Ek Obama, frou Merkel , Sarcozy en de libbensgenieter Berlusconie,  mar ek ùs eigen regear fansels binne al es op it plusenkleed west. Hja komme allgearre oan bod. En wy ?

Wy witte alles better fansels…

Ek it kofjeskoft is tige gesellich  mar” De Bân” is klear en wy binne wer op ‘e hichte fan wat der yn ‘e wrâld spilet. Oant oer fjouwer wike dan,  minsken!

Wrâld-Frouljusdei 8-3-2011

troch Posted on 0 Comments 1 min read 193 views

Oer de hiele wrâld fiere wy hjoed frouljusdei. Nò ja… de hiele wrâld? Wie dat mar wier. It giet om emansipaasje om gelikense rjuchten foar man en frou.

Om mar ticht by hûs te bliuwen; noch net sa folle jirren ferlyn woe myn freondinne in hûs keapje. Sy frege ferskate makelders as hja wat gaadliks foar har hienen. Nei dat se neat fan hun hearre lieten gong sy der sels efteroan.  Wat wie it kommentaar? Se tochten dat sy net serieus wie want sy wie in frou…

Ik wit wol; der is al in protte feroare, lokkich. Mar noch altiid binne de froulju yn mindertal. Sawol yn it Regear as bygelyks yn Steaten en Gemeenten. En dan noch as sy it selde wurk doche as de man wurre sy der minder foar beleane.

Bytiden tink ik ek wol ris, de froulje fine hun earste ferantwurding thùs en dan de karrière. Dat is it ûnderskied tusken man en frou. Miskien sit it yn it oergefoel yn de genen! Dochs binne wy op de goeie wei mar it sil noch wol in pear generaasjes duorje foar dat it lyk lutsen is tusken dy beide seksegenoaten.

Kom op froulje , ùs striid is by lange nei noch net striden!

Wrâld-Frouljusdei 8-3-2011

troch Posted on 0 Comments 1 min read 179 views

Steateferkiezings

troch Posted on 1 Comment 1 min read 180 views

Woansdeis 2 maart is it wer safier; dan meie wy wer in kar utbringe foar ùs provinsje. Wa moat ik nò stimme? Binne jimme der al ùt?

Wy hawwe in kandidadenlist list krige dat der net omliicht. Ùt tretsjen partyen kinne wy in kar meitsje en ik kin der net ien fan. Se ha allegearre wat goeds yn hun findel wer ik achter stean mar ek saken der`t ik it hielendal net mei iens bin. En dan noch stim ik altiid op in frou, ek der moat ik omsykje. Keardels stean der genoch op mar froulje binne wer yn mindertal.  Dochs wol ik myn stim ùtbringe dat is in ferwurvenheid wer`t eartiids foar striden is. Mar welke ik bin der noch net ùt.

Ik bin yn earen en sinen in Friezinne werom dan net kieze foar ùs eigen fryske party, ik bin der ùt… As  dochs net?

1.1.2.

troch Posted on 0 Comments 2 min read 197 views

Ik nim rislewaasjes om op bed te gean. It hat in lange dei west en ik ha myn nocht. Max, ùs hûn, giet al foar my ùt en jowt him noflik del yn syn grutte stoel. Myn man is in nachtbraker en wol perfoarst Pauw en Witteman sjen.

Ik jow my del en lèz in boek. Mar  it steurt my; der stiet in auto foar hûs mei draaiende moter en de ljochten oan. Foar de safolste kear fan bed ôf ik wurt nijsgjirrich. Wa soe der ynsitte? Gjin babbelegûchjes ik gean wer op bed. Mar de moter bliuwt draaien. Ik  freegje my ôf soe der in fryend pearke yn sitte? Ik ha der alle begrip foar, ik bin ek jong west. Mar wy hiene der ljouwer gjin ljocht by en sochten siiddykjes op.

Sa liz ik te mimerjen en wur al nijsgjirricher. It boek kin my net mear boeie en ik betink my wat foar minsken yn dy auto sitte. Dochs doogt it net en ik skilje 1.1.2. In aerdiche plysjeman stiet my te wurd en sil lâns komme. Efkes letter komme der twa plysjeauto`s oan mei fjouwer man. Nei dat se mei bûslântearnen alles besjoen ha geane se foart. De auto wie leech, in bernestuoltsje efter yn. En de eigner, hy sil der wol raer mei oanklaud wèze………

Wat binne dat foar minsken west? Ik sil it wol nea te witten komme de auto stiet der noch as stille tsjûge.

Mar myn ùtstjûring wie spannender dan  dy fan Pauw en Witteman, dat is wis.

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien