Minsken

Frachtrider

troch Posted on 0 Comments 1 min read 228 views

Lûd klaksonearjend giet ùs buorman mei syn frachtauto nei Frankryk. Sneins giet er foart en komt tsjin it wykein wer thùs. Mei it selde ritueel toeterjent en as it donker is gean de koplampen oan en ùt.

Wy binne bliid dat hy wer heel thùs kommen is. Hy docht foar him sels, hy kin net in baas boppe him fele, seit er. It is in jûkel fan in frachtauto: in Scania. Hy fertelde my dat hy sechtjen meter lang is en as hy leech, is fjirtsjin ton swier en as hy laden is weaget er fjirtich ton. Fan alles ferfiert er; karton, lege grienteblikken, jirpels, pampers, frouljusferbân en kowehûden. De lading komt oeral wei: ùt Amsterdam, Deventer, Beilen en noch folle mear plakken ùt Nederlân.

Bytiden sit hy ek wol ris yn ‘e knipe as hy oernachtsje moat op in parkearterrein. Fakentiden siikje sjaufeurs mekoar op foar de gesellichheid mar ek foar de feiligens. Foar in soart is it miskien in jongesdream mar it is in grutte ferantwurdlikheid om de lading feilich te plak te bringen.

Dèr is hy wer, ùs buorman, lûd toeterjend en wiuwend. Wy kinne ùs wer restich deljaan want de frachtrider is thùs.

En ik mei es in ritsje mei, hat hy my ûnthjitten… ‘


Komplimintsje

troch Posted on 2 Comments 1 min read 271 views

Sjochst ek wat oan my?“; freegje ik myn man. Ik stean om him hinne te swaaien en wachtsje op in komplimint. “Stiet dy goed…” is syn anderd; “Hast dat allang?” Ik freechje in freondinne, grutsk as ik bin; “Hoe fynst de tûn?” “Do moast dyn gers net te koart meane” seit hja.

Eartiids dû ik in famke wie holp ik wolris in boerinne. Dy sei dan; “As ik har in kompliment jou rint se noch hurder” As in dominy earne preke hat seit min tsjin de man; “Wy ha jo wol minder heard as jo meie wol ris werom  komme.

Wat is dat nò? Werom jou`e wy mekoar op ‘e tiid net in komplimintsje? Is it  ùs Fryske folksaard as by tiden oergeunst? As is min benauwd dat je nest jo skuon rinne sille? Jou elkoar mar es in skouderklopke as in komplimintsje. Dat is goed foar jo eigenwearde….

It strûpt net

troch Posted on 0 Comments 1 min read 232 views

Wat is dat dochs tusken minsken? Hollanders sizze: “Het klikt niet tussen ons“.

Je moetsje ferskate minsken yn jo deistiche bestean. Mei de iene strûpt it en de mei oare, dy jo al jirren kinne, akkordearet it net. Ik freechje my ôf hoe kin dat?  Wy sizze al gau: “Wy lizze mekoar net.” Mar is dat sa? De iene komt jo iepen te mjitte en de oare stelt him ôfwachtsjend op. It blykt  faaks wol as min dy persoan better kin dat jo partidich west hawwe. Myn soan seit wol ris: “As ien my net leie mei, nò dat is syn probleem. Mines net.” Mar der bin ik it net mei him iens. Ik besiikje my iepen te stellen foar eltsenien. En as dat net slagget, dan besiikje ik der wat oan te dwaan. Wy minsken binne allegearre ferskillend mei ferskate eftergrûnen en karaktereigenskippen.

Want wat is boeiender dan minsken? Net ien is gelyk


Anonymiteit

troch Posted on 0 Comments 1 min read 219 views

“Wat is jo bertedatum?” seit de doktersassistinte. Ik bin al jierren by de selde hùsdokter mar myn namme is bertedatum. Sa is it ek mei sikenhûs as fysiotherapeut, oeral hat min gjin namme mear mar in bertedatum. Wy binne nûmers wurren.

Wy hjitte nò -www.@.nl – bertedatum as postkode. En dan noch as je immen oan de telefoan ha moatte is dat in ramp.  Jou je dan mar lang ùt del op de bank. De dame as heer yn kwestje har earste fraach is de postkode, jo hearre har tikjen op de pc.  Ik freechje my benaud ôf: soe ik der wol yn stean?  Lokkich ha ik op skoalle leart oan`t fjouwer te tellen. Wit hoe faak moat ik 1.2.3.4. drukke. Soene hja twifelje oan myn ferstân… Wer gean wy mei elkoar hinne freechje ik my wol es ôf?  Soene wy yn de takomst hielendal net mear witte hoe wy hjitte? Moat ik myn buorman mei syn postkode as syn apestutsje roppe ?

Ik doch der net oan mei , ik ha fan myn Heit en Mem in moaie namme krigen en der mei ùt…

Kanker

troch Posted on 1 Comment 1 min read 306 views

Mei in pûde sinappels ûnder de earm bin ik ûnderweis nei in freon. In dierbre freon dy ik al hiel lang kin. In skoft allyn krige hy te hearren dat hy prostaatkanker hie. It slûch by ùs yn as in tongerslag.

De earste reaksje wie dat kin net hy sjocht der sa goed ùt!  Mar dochs wie it sa, hy hie al in tiid klachten mar ja – ik wurd âlder sei hy, dan dat heard er by- . Nei ferskate gemyske terapyen en medisinen is hy wer thùs. En sa gean ik op besite mei lead yn ‘e skuon. Wat moat ik tsjin him sizze? Moat ik him opfleurje en bemoedigje? Mar it pakte hiel oars ùt. Hy stiet my al op te wachtsjen, fleurich sa as altiid. Wat ha ik in moaie middei hân. En wat ha wy in goed petear hân.

‘Kanker..’ seit er; ‘in oar kryt it ek. Werom ik net? Jimme binne noch lang net fan my ôf…’

Ik gean nei hûs mei in bliid gefoel, ynpleats fan ik him hat hy my opfleure. Fyn om san posityf minske as freon te hawwen.

 

Fryske nammen

troch Posted on 0 Comments 1 min read 281 views

In jier as wat allyn erfden wy fan in muoike in bysûnder bibeltsje mei leren kaft en sulveren beslach. It kaam ùt it jier 1831 en wie bedoeld as geskink foar it breidspear. Namme en tanamme, berte- en stjerdatum stiene mei grutte letters yn notearre.

Faak tocht ik; wa soene dy minsken west hawwe? Minsken boeie my. Oan’t wy op begraffenis moasten nei Nijegea, Smellingerlân. Sa as it eartiids wisânsje wie, moasten wy trijes om it tsjerkhôf rinne. Wylds wy stean te wachtsjen falt myn each op in grêfstien. Mei in skok sjoch ik de nammen fan it echtpear ùt it troubibeltsje. Tsjeard en Tryntsje binne hjir te hôf brocht yn 1900.

Troch de Fryske nammen ha wy har wer fûn. Ùs soan hjit ek Tsjeard, ferneamd nei syn oer oer Heit. Wat is it moai om in Fryske namme te dragen en om nei Heit en Mem as Pake en Beppe ferneamd te wèzen. As ik soms hear hoe Fryske âlders hun bern ferneame nei pop- as filmstjerren, dan fyn ik dat begrutlik. Dizze bern sille nea hun skiednis, hun histoarje efterhelje kinne.  It binne net altiid moaie Fryske nammen dy men yn de famylje hat mar der is fèst wol wat op te finen.

Nim nò ùs Doutzen. Har namme giet oer de hiele wrâld en wat binne wy der grutsk op ist net wier…



WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien