D’r is meer…

Kofjeshop as tsjerke

troch Posted on 1 Comment 1 min read 181 views

Nei de tsjerketsjinst stean ik bûten in sigaretsje te smoken. In minne gewoante, jimme hawwe grut gelyk. Mar dochs hat it dizze sneintemoarn sa wèze moatten, tink ik.

Lyk tsjin oer de tsjerke is in kofjeshop. Wyls ik der stean te smoken sjoch ik hoe in jongkeardel oan de doar ratteld.  Hy hat pech: op sneintemoarn is de shop ticht. Op syn fraach hoenear dy wer iepen giet wiis ik him op de tsjerkedoarren dy ùtnoegjend iepen steane. “Do kryst der ek noch kofje”, siz ik. Efkes letter sjoch ik him tusken de tsjerkegongers sitten drok yn petear -Ingelsk- mei kofje en koeke.

Soe dit net de bedoeling wèze fan iepen tsjerkedoarren ?

[in soan]

Lokkich wèze

troch Posted on 2 Comments 1 min read 285 views

Op de doarmoatte leit de post. In folder fan de steatslottery en in tydskrift. Se lizze as bruorren neist elkoar. Fremd genôch gean sy beide oer lok.

De steatslottery beloovje my mei miljoenen folle lok. Het tydskrift hat it oer geastelik wolbefinen ofwol lokkich file. Wat is lokkich wèze? Yn it wurdboek stiet ûnder lok “slagge wèze yn it libben” Lokkich wèze is sûnder fertriet in gefoel fan grutte tefredenheid. ‘Lok is finaal folslein’ seit it wurdboek enf.

Mar wannear bin jo echt lokkich? Jild makket net echt lokkich mar dochs soe in bytsje mear net… As op syn minst net wat konfortabeler wèze? It slagget de kommersje ùs in skriemend ferlet oan te praten. De reklame spilet der handich op yn om foaral net achter te bliuwen. Spegelt ùs foar dat ùs gefoelens fan ûnbehagen ferdwine as wy earst mar it produkt – X – yn ùs besit hawwe.

Hat lok mei wolfeart, mei wolwèzen, mei gefoel as mei leauwen te meitsjen? Wylts eltsenien alles liket te keapjen is der in krapte ûntstien yn wolbefinen.

Binne wy yn wèzen wol lokkich as wy alles op è rails ha? Ik bin er noch lang net ùt… Jo wol ?

Leafde

troch Posted on 7 Comments 2 min read 340 views

Wat is Leafde?

It falt my op dat yn dizze dagen de media it in protte oer de leafde hat. Doe tocht ik wat is nò eigelik de definysje fan dat wurd. Dit wurdsje wurd ontyglik faak brûkt, te pas en te onpas.

Mar wat betsjut it yn wèzen? Je kinne it net fest pakke en lis it mar ùt oan ien en jo komme er net ùt. Der binne ferskate foarmen fan leafde. Leafde foar minske en bist, leafde foar taal mar ek foar jo hobbys en neam mar op. Mar de leafde  tusken minsken giet soms hiel fier.

Doe ik myn man foar it earst moete sloech de leafde unferbidlik ta. Nachten ha ik wekker lein, ik koe net meer iete noch sliepe. As jo jong binne dan komt dat wol faker foar fansels. Mar dizze foarm fan leafde hie ik noch noait belibbe. Leafde  kin prachtich weze mar ek deadlik en faaks blyn. Ik ha es heard fan in mem dy in soan hie wat in moardner wie. Mar se leauwde it net want se hâld fan him.

Ek binne er gefallen fan ûnbeandwurde leafde der`t in minske tige ungelokkich fan wurde kin. Mar ien ding is wis: leafde sil er altiid bliuwe dy sil net ùt te roeien wèze. Wat er ek barre mei: de leafde  is fan hegerhân yn in minske  festlein.

Want de leafde is sterk as de dea,
de hertstocht is hurd as it deadenryk;

de gloede dèrfan is in fjoergloed
it binne flammen fan de Hear

Wetterstreamen kinne de leafde net dwèste
rivieren kinne har net foartspiele.
Al joech immen syn fermogen foar de leafde,
se soenen him der om ferachtsje.

Witte jimme it nò? Ikke net…

Krystiid

troch Posted on 1 Comment 1 min read 251 views

Krystiid. Eltsenien hat fry. Soms in moai skoft want de frye dagen moatte op. En dan moat er fan alles barre; boadskipje, putsjes dwaan of besiikjes ôflizze. Dingen dwaan wer je oars net oan ta komme. It kin hiel gesellich wèze mar foar minsken dy allinne binne ,dy  hawwe it faaks dreech sokke dagen.

Mar wat bestjut kriistiid nò eigelik? It is dochs net allinne it hûs fersiere en lekker ite? As nei de wintersport en je ùt libje yn de snie? Dochs kin dat hardstikke  moai wèze fansels, neat mis mei.

Mar wat hâld it nò krekt yn, it Krystfeest? As je dat op de man ôf freegje dan witte se der eiglik neat op te sizzen. We libje yn in tiid wer`t de betsjutting fan dy feestdagen oan it ferdwinen is. Dat is jammer, fyn ik, want de oarsprong  fan dy feesten binne hiel wichtig om troch te jaan.

Minsken ha oare belangstelling krige. It materialisme, de wolfeart en it egoisme is der ek debet oan. Mar foar my is de Kriist in feest fan hoop.  God hat syn soan Jesus Kristus nei de wrâld stjûrd om minsken hoop en moed te jaan. Hoop op in takomst fan frede, hoe fremd it ek yn de wrâld  der hinne leit.

Ienkear sil it frede wèze, dat is de belofte dy hy dien hat dus lit de moedfearren net farre it komt goed.

Ik winskje jimme moaie Krystdagen.

Foto: buaiansayapanomali

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien