Ik bin in …

Âldeboarn | foto troch eamel (klik foto foar grut)

Frjemd, hè? Minsken freegje my faak: “Wer kom jo wei?”

Steefêst sis ik; “Ût Âldeboarn.”

It frjemde is: we hawwe fuort en daliks kontakt. Wat is dat dochs? freegje ik my sels ôf.

Wy hawwe sechstich jier op It Fean wenne mar gek genoch telt dat net mear; der is gjin werkennen. We hawwe der bern krige, it tsjerkelike en it sosjale libben spiele him der ôf. We hawwe der wurke en en ùs libben libbe sa as elzen ien dat dien hat.

En as men my wer freget, sis ik eltse kear: “Ik kom ùt Âldeboarn.”

Myn suster hie dat net sa. Dy wie bliid dat se ferhûze koe nei in grutter plak. Ien broer is hingjen bleun en de oare gong troch trouwen in doarp fierderop wenjen.

Ùs bern waaksen op yn it doarp. Omdat wy in protte foar ùs wurk op reis wiene brochten wy de bern nei heit en mem. En dat wie altyd feest want alles mocht by pake en beppe.

Swemme yn `e Boarn, boppe op de heawein fan Pyt troch de buorren, en mei Bijke troch de bosksingel. It binne waarme oantinkens om nea te ferjitten.

“Wer komme jo wei?” freegje se.

“Ût Âldeboarn!” sis ik dan.

Bosksingel | foto troch eamel (klik foto foar grut)

4 Comments on “Ik bin in …

  1. Ik heb op teveel plaatsen gewoond.
    Dialect spreek ik niet.

    En in mijn geboorteplaats heb ik alleen maar een paar poepluiers gevuld.
    Dus daar voel ik mij niet echt mee verbonden.

    Mooi blog.

    Nostalgische groet,

    • Tja, de leeftijd dat er meer terug te kijken dan vooruit is soms lastig.

      De mooie herinneringen worden dan steeds belangrijker.

      Vriendelijke groet,

  2. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Ik bin in … | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien