Geane jo ek nei it feest?

troch Posted on 4 Comments 1 min read 122 views

Geane jo ek nei it feest?” freget se wylts se it iten op tafel set.

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd fan Europa binne er yn ferskate doarpen yn Fryslân grutte festiviteiten hâlden.

“Sille jo ek it doarp yn?” freget se noch es. “Ik bin in minne rinner en plak om te sitten sil er wol net wêze.” sis ik.

“Nò, dan freegje jo dochs jo beppesizzers gesellich om mei te gean?” “Dy ha ik net.” sis ik.

“Mar dochs wol soanen, net?” freget se. “Ja,” sis ik; “mar dy wenje en wurkje om ùtens.”

“Nò, dan gean de skoandochters dochs mei? Dan kinne jimme ek noch op in terraske sitte..” “Dy ha ik net.” sis ik.

“Nò, dan mar op de fyts. Dan bin jo sels baas.” seit se. “Ik ha gjin fyts.” sis ik .

“Nò, dan gean ik wol mei.” seit se leaf.

En sa geane wy tegearre op wei nei it :  Kulturele Feest: fan dizze iuw.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
trackback

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Elske
Guest
Elske

Coopersburg yn Akkrum bliuwt ek moai. Nije eveneminten komt der al wer oan. Wat tinke jo fan de Midsimmertwirre no sneon yn Aldeboarn http://www.paulusfolkertsma.nl/ En hawwe jimme de fonteinenrûte mei jimme selfies al dien? Der is fan alles te dwaan. We hawwe it der mar drok mei.

Previous
Mienskipsjild

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien