Ik sil dy misse…

Posted on 1 min read 110 views

Wy binne dizze dagen oan it ferhûzjen.

Alles wurdt ynpakt mar dan ek alles. Fêst as los, it giet mei. As ik net oppas en bytiids in stap te bek set, sit ik yn in doaze mei in sterk touw der om hinne.

Wat moat mei en wat nèt? Dat is it kritearium dizze dagen.

Ik wol opromje en hy net. Om earlik te wêzen; it seit my neat. Op in pear dingen fan ùs heit en mem nei.

De pendule dy ùs heit yn de oarloch ruile foar bûterbonnen en ùs mem har befetsje kocht ùt it boelguod fan de herfoarme dûmny: ik kin al dy fehalen en se binne my hiel dierber.

Hoe kin ik no sok guod mei de Lege Knip meijaan?

De minsken komme ien foar ien ôfskie nimmen. Ik kry earmen om my hinne. Se sizze: “Ik sil dy misse!”  

De iene kin it gûlen net litte en de oare snuft wakker.

Wat is no miend?

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Rob Alberts
Guest

Het gaat toch om de herinneringen …
Hartelijke groet,

trackback

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Appelvrouw
Guest

Sommige herinneringen versterken.
Wat kunnen spullen ons dan opeens in de weg zitten he. Opruimen, dat moet wel bij een verhuizing.
In hoofd en huis.
Veel sterkte.

Elske
Guest
Elske

Net ferjitte

Ferjit him net, dy tiid fol leafde en wille
fol goud’ne dreamen, tel ferflein.
Dy blomtún, dy’t jim no ferlitte sille
dy nocht, sa goed en rein.

Ferjit se net, dy stille blide jûnen
dy’t jim tegearre trochbrocht ha
dy oeren, as jim herten elkoar fûnen
Hoe leaflik wiene hja!

Ferjit se net, dy ûnferbrekb’re wurden
dy’t jimme bine as wiif en man.
As ‘t leed jim treft mei tûzen skerpe swurden,
tink oan dy wurden dan!

Ferjit him net, dy golle freonerige
dy’t mei jim libbet dizze dei.
Myn bêste winsk – jim witte, ik mien it sa tige,
nim dy yn ‘t libben mei.

Fedde Schurer

Previous
Ik bin lilk

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien