Laila

Posted on 0 min read 50 views
Foto: Oleh aka Uno
Om seis oere yn `e moarntiid wurd ik wekker troch lûde mannen-stimmen:“Laila! Laila!”

Ik draai my om. ‘Dat binne wer lette besikers fan It Houtsje as fan It Skûtsje.” betink ik my.

Mar it hâld mar oan. Ek yn it goeie ear hear ik: “Laila! Laila!”

Oeren oan ien giet it troch. Ik kin Laila wol sjitte sa stadich oan. Der sit neat op; ik moat mar es sjen wa `t Laila is.

Twa manlju steane by ùs achter hûs. Unrêstich rinne se hinne en wer. Ik gean nei bûten; “Siikje jimme wat?” freegje ik.

“We siikje Laila.” sizze se.

“Wa is dat?” freegje ik.

“Dat is ùs kat.” De iene man kin it gûlen hast net litte, de oare seit kordaat; “Mar hy komt wol werom hear! Wy hâlde fan him en dat wit hy wol.”

De hiele nacht binne se al oan it siikjen. Hy hat al syn maten ùt it tehûs byelkoar skarrele en mar roppe en mar siikje.

“Moatte jimme net nei `t asyl skilje ?” freegje ik; “Miskyn is hy der hinne brocht.”

“Ha wy al dien.” seit de iene wert Laila fan is.

“Miskyn is hy dea rieden.” oppenearret ien. Dat falt net goed by de  oare  manlju. Fertwivele sjogge se mekoar oan. Hoe moat it no fierder sûnder Laila?

Ik nim my foar om moarn in nije Laila te heljen.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Leave a Reply to Soan D. Cancel reply

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Soan D.
Guest

Fijn stikje wer, ûs memmeminske. En no mar hoopje dat se Laila wer fûn hawwe. 😉

Rob Alberts
Guest

Bijna alle buurtkatten zitten in mijn tuin. Maar Laila heb ik nooit gezien.

Zonnige groet,

Previous
Dy rêdt it wol

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien