‘Tiden hawwe tiden’

Naamloos-1Oant ein fan dit jier oersjoch ik myn ‘tidenhawwetiden‘ noch es. Dit jier hat my fan alles brocht, sa wol wille as fertriet.

Mar hjir koe ik myn aai kwyt. Tûzend kear ha ik my foarnaam; ik hâld er mei op. Ik krige minder lêzers en foarby gongers. “De minsken binne op my ùtsjoen.” sei ik tsjin myn man. “De wrâld is flechtich wurden, de lju lêze it en bin it wer fergetten.” seit er.

Mar it is krekt as mei in keamer behingjen; jo wolle de miening fan in oar hawwe. Eiglik freegje jo om goedkarring. Dat stimuleert dat jout moed om troch te gean.

En ik moat earlik sizze; it hâldt my yn `e besnijing. De ferhaaltsjes binne ek sa frekwint net mear as it eartiids. Ôfrûne wike wie der in steauring. It gefolch wie dat ferskate Friezen-om-ùtens fregen wer `t  de side bleun wie. In Burgumer dy al tritich jier yn Ohio wennet frege; “Leit it oan my as oan dy? Ik kin dy net mear krije.

Dus minsken; ik gean der mar mei troch salang it kadaster -de kop- mar goed bliuwt.

Lokkich en sûn 2015 foar elkenien. Wer `t jimme libben him ek ôfspylje mei!

10 Comments on “‘Tiden hawwe tiden’

  1. Hjir op ‘e pôle yn Boarnsweach lêze wy graach dyn stikjes. Gean troch! Hâld fol. Ek yn it nije jier. Folle lok en seine yn 2015.

  2. Pingback: Blog: ‘Tiden hawwe tiden’ | ensafh

  3. Gewoan troch gean Wokke! It binne moaie stikjes! Ik winskje jimme noflike dagen en in sûn neijier!!

  4. Lekker doorgaan met schrijven! Ik vind de teksten juist zo leuk omdat ze in mijn memmetaal zijn geschreven. Ik wens u goede kerstdagen en veel gezondheid in het nieuwe jaar.

  5. It boek fan 2014
    giet omtrint ticht,
    mar bliuwt yn ús tinzen.

    It boek fan 2015
    bliuwt noch sletten foar ús
    Wy witten net wat ús
    dêryn te wachtsjen stiet.

    It boek fan God giet mei ús mei’
    ‘t Liedt ús op ús wegen.
    soms heech, soms djip
    of swier of licht
    mar mei Gods help en seine.

    Noch goeie dagen tawinkse!

    • Sit net yn noed; wat sillle wy ite of drinke
      hoe komt it mei de hier en mei de klean?
      Jim moatte net te folle yn t foar betinke
      hâld it mar op in soargeleas bestean.

      Tiis net oer de dingen dy`t noch stean te kommen
      en oer de dei fan moarn, dy`t nimmen ken;
      God soarget foar de fûgels en de blommen
      en soe er noch net mear nei jimme sjen?

      Fedde Schurer.

      Myn favorite dichter.

Leave a Reply to wokkesplak Cancel reply

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien