Stuollen

‘Wèr is myn stoel?’, freget myn man? Nò is hy wol wat went moat ik sizze mar nò`t hy âlder wurd kryt hy der muoite mei.

Salang wy by elkoar binne -dat is lang- bin ik yn ùs wenkeamer oan it skowen en ferhuzjen. Ik hâld fan gesellichheid mar ek fan feroaring. Ik ha es mei in frou praat, dy fertelde my dat hja har meubels fyfenfjirtich jier op it selde plak stean hie. Wol jimme wol leauwe dat dat mij oangryst? Dan freegje ik mij ôf hoe har libben der ùt sjocht! Soe hja nea in gokje weage ha? Soe hja altiid alles op ‘e rails hân ha? Nè, dan mar de hele boel omsette. It hat by ùs nea toar en ferfeelsum west, dat moat ik sizze.

De twasits bank stiet nò wer foar it raam, de tryesitter stiet tsjin de muorre en de twa stuoltsjes ùt in skip fan ùs soan stean kreas yn it midden. Allinne de hûnekoer in lampe en in taffeltsje is gjin plak foar. Dy moatte mar wer nei de souder. Nei dat ik myn man syn stoel wiist ha is alles wer yn rèst.

Wat ha wy it dochs gesellich tegearre. Dat fynt myn man  ek, seit hy…………


Diele mei:

4 Comments on “Stuollen

  1. Dy earme man. Hij sjocht al sa moeilik. Moat hij ek nog sykje om syn fetrouwde, noflike stoel.

  2. Ik vind het knap dat Mem het telkens voor elkaar krijgt om de boel toch weer anders neer te zetten. En het klopt altijd! Soan D. moet Mem maar es leren hoe ze foto’s op haar blog kan zetten, kunnen we de resultaten gelijk zien 😉

    • Kom maar gauw eens langs, dan gaan wij het samen alla ” Goed Wonen ” neerzetten. Behalve de stoel van Deity dan.

Leave a Reply to memmeminske Cancel reply

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien